Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011708

Een sage (mondeling), maandag 10 oktober 1966

Hoofdtekst

Pake Harm wenne as jonge al by de boer. Jouns nei 't ôfljochtsjen die de boer alle doarren fêst. Ek dy fan pake syn keammerke. Dy slepte boven de sliepkeamer fan 'e boer en de boerinne.
Yn 'e nacht hearde pake dat der dieven wienen. Hy hearde hoe't se de stiennen út 'e muorren sloegen. Sy woenen in gat meitsje. Pake koe net út it keammerke wei komme, mar doe bigong er mei syn beide fuotten op 'e flier to stampen en to klopjen mei syn fûsten.
Doe woarden de boer en de frou wekker. De rovers hearden ûnrie en makken dat se fuort kamen. De boer en de frou en pake gongen mei har trijen nei bûten ta. De boer hie in dûbelloops jachtgewear by him. Mar 't hoefde net mear brûkt to wurden.
Doe't se by de muorre kommen leinen dêr al in stik of hwat stiennen op 'e groun, dy't de rovers der útbrutsen hienen.

Beschrijving

Knecht hoort 's nachts dat dieven proberen stenen uit de muur te slaan. Zijn kamerdeur zit op slot, maar door met de voeten te stampen en met de vuisten op de grond te kloppen wordt de boer wakker. De rovers merken onraad en vluchten.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 117, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 oktober 1966

Naam Overig in Tekst

Harm    Harm   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21