Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011905 - De spreeuwen in Dokkum

Een sage (mondeling), zondag 23 oktober 1966

Hoofdtekst

De protters to Dokkum
Der hat in tiid west, doe wienen 't allegearre protters yn Dokkum. De dakken fan 'e huzen sieten ûnder 'e prottersstront, mar it riedshûs seach der it aldersmoarchst út. Hwat moesten se dêr tsjin dwaen?
De rie hâldde in byienkomste. Der woarde bisluten, der soe in gebod bikind makke wurde dat der mocht net ien protter mear op it stêdhûs komme.
Doe kaem de boargemaster bûten op 'e stûpe en lies de proclamaesje foar, dat elkenien it hearre koe. Mar doe skiet der krekt in protter op it papier. Doe waerd de boargemaster sa lulk, dat hy rôp, wylst er wiisde nei dy protter, dy't sa brutael west hie: "Jij daar bent voor eeuwig verbannen!"



Beschrijving

Er waren eens zoveel spreeuwen in Dokkum, dat de burgemeester ze wilde verbieden nog op het dak te poepen. Net toen hij de proclamatie wilde voorlezen, scheet een spreeuw op het papier. Uit boosheid verbande hij de vogel voor eeuwig.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 119, verhaal 5

Commentaar

23 oktober 1966

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21