Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012403

Een sage (mondeling), maandag 31 oktober 1966

Hoofdtekst

Doe't heit noch feint wie hied er us nei de Falom ta west to jounpraten. Doe't er op 'e weromreis op 'e Boppewei wie, sahwat op it plak, dêr't wol woanweinen stien ha, seach er hwat oankommen. 't Kom him tomjitte en it stie him wol oan, dat er hwat moete, hwant it wie allegear like stil en iensum om him hinne.
"Navend", sei er.
Mar de oare sei neat werom.
Heit tochte: "Dy heart it net", en hy sei noch us navend. Mar like min as de earste kear sei dy oare in stom wurd werom.
Doe fortroude heit it net. 't Wie in hiel lang persoan. Doe't dy foarby wie, tocht heit: "Ik wol us sjen as ik ek fuotten sjoch." Hy joech him foaroer op 'e wei en seach. Doe koed er ûnder dy persoan troch sjen. 't Hie gjin fuotten, it sweefde.
Doe die heit de klompen út en hy is nei de Westerein ta flein mei de klompen yn 'e hannen.




Onderwerp

SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.    SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.   

Beschrijving

Een jongen komt een persoon tegen die niet teruggroet en die heel lang is. Als hij goed kijkt, ziet hij dat de persoon geen voeten heeft.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 124, verhaal 3

Commentaar

31 oktober 1966
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.

Naam Overig in Tekst

Falom    Falom   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Boppewei    Boppewei   

Bovenweg    Bovenweg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21