Hoofdtekst
Froeger, doe't wy bern wienen, kom der in sekere Jan Hamstra by ús, dat wie in kolporteur fan boeken en bibels en kalenders ensa. Hy kom wol gau us by ús to jounpraten. It wie in froom man.
Op in kear sei er: "Ik ha us hwat bileefd, dat woe 'k net graech wèr bileve. Hoewol, ik bin net bang. As ik yn Garyp sutele mei boeken, slepte ik dêr yn 'e koarte winterdagen by partikulieren.
Op in kear soe 'k dêr wer oernachtsje. De frou sei: "De sliepkeamer is klear." Ik die de doar iepen en soe der yn. Doe siet de duvel dêr op myn bêd. Ik waerd fansels bot kjel, mar ik wie net bang. Ik gong op 'e knibbels lizzen en die in gebet. Doe't dat dien wie, wie de duvel fuort. Ik ha de hiele nacht rêstich slept."

Onderwerp
SINSAG 0865 - Die Macht des Gebetes; Teufel kann mit seinem Opfer nicht an einem Betenden vorbeigehen.   
Beschrijving
Een vrome kolporteur bleef eens slapen bij mensen. Toen hij in de slaapkamer kwam, zat de duivel op zijn bed. De man schrok wel, maar was niet bang. Hij deed een gebed op zijn knieën en joeg zo de duivel weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 124, verhaal 9
Commentaar
31 oktober 1966
Die Macht des Gebetes; Teufel kann mit seinem Opfer nicht an einem Betenden vorbeigehen.
Naam Overig in Tekst
Jan Hamstra   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21