Hoofdtekst
It wienen stuolwynders. De iene, dat wie Jan Landkroon fan Noardwâlde - in great dogeniet - , de oare wie Ymke de Jong. Se wienen beide dronken. Ymke wie al in âld man fan sa'n tachtich jier. Hy rekke dêr de jouns noch oan it gûcheljen en it bûksprekken. Ik hie faek fan Ymke de Jong heard en hearde tafallich syn namme dêr. Ik bigong tsjin him to praten. Hy sei, hy hie froeger in soad reizge, fral yn Fryslân. Dêr hied er fan alles dien, mar 't meast hied er gûchele. "Wy wurken altyd mei dûbel spul", sei er. "Bûksprekke is in gave. Mar dat mat men net tofolle dwaen, dan wurdt men net âld. It komt der to bot op oan. Ik wenne yn Amsterdam, en hie 't dêr bêst nei 't sin. Ik ha in soan, dy is learaer yn 'e muzyk. Sels bin 'k ek muzikael. Ik kin alle ynstruminten bispylje. Mar it swalkjen sit my yn 't bloed. Nou bin 'k mei Jan Landkroon op reis."
Ik sei: "Jo wienen us reizge mei ús heit yn in snikke fan Ruiskebrug nei Grins ta. Doe stienen dêr in pear jonges by 't skip. Dy hienen in mondharp. Jo seinen tsjin dy jonges: "Wolle jimme mei farre?" (Dat kostte tsien sinten elk.) "Dan bitelje ik it." 't Wienen jonges fan sa'n 15 à 16 jier.
Doe't jimme mei 't oare folk yn 'e snikke sieten, hienen jo sein: "Jow my dy harmoanika ek is." Mar jo hienen mear muzyk út 'e earmtakken helle as de jonges út it stik spylark. "Ha jo ek in goune?" fregen jo ien fan 'e mannen fan 'e snikke. "Jawol", hie dy sein en jo hienen de goune krigen. Mar jo lieten dy goune falle yn ien fan 'e naden fan 't skip.
"Dy kin der net wer wei", sei de eigner fan dy goune. En dat hie heit ek tocht.
Doe seinen jo: "Mei 'k him hâlde, as ik him der út helje?" Dat woarde jo tastien.
Doe strutsen jo even mei de hân der oer hinne en doe hienen jo de goune samar."
Ymke sei noch, dat hy hie 't altyd tige nei 't sin hawn yn 'e Westerein, Feanwâlden en dy kriten. De minsken wienen dêr mei in bytsje tofreden en hy hie dêr altyd de folle oandacht hawn.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Ymke de Jong   
Jan Landkroon   
Apeldoarn   
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Westerein   
Feanwâlden   
Amsterdam   
Fryslân   
Apeldoorn   
Smidsweg   
Noardwâlde   
Ruiskebrug   
Grins   
Groningen