Hoofdtekst
Sterke Hearke wie al âld. Hy wie al in ein oer de tachtich en 't wie mar even foar syn dea. Hy wenne hjir flakby oan 'e Lytse wei. Hy handele doe yn tsiis. Us heit hie tsizen foar him meinom út Bûtenpost. Dy brocht er nei Hearke ta.
Hearke woe dy tsizen bisjen. 't Wienen guon fan sechstich poun.
Hearke wie doe al net goed en siet yn 'e hoeke fan 'e keamer. Heit brocht him in tsiis, dêr't er beide earms ûnder hâldde om him to dragen. Hearke nom de tsiis earst op 'e iene platte hân, en hifke him us, en doe op 'e oare hân. Krekt as wie 't in thépantsje.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Toen Sterke Hearke oud was, handelde hij in kaas. Hij woog de kazen op zijn hand alsof het theeschoteltjes waren.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 135, verhaal 2
Commentaar
7 december 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Bûtenpost   
Lytse Wei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21