Hoofdtekst
Hearke syn omke Rikele en hysels dy wienen us nei Feansterheide om in fracht feanseadden. De wei troch Boelensloane wie doe noch net forhurde. Hearke siet by âlde Rikele op 'e wein. Hy wie doe noch jong.
Doe smieten de jonges fan Feansterheide har mei stiennen en sy rekken de âld baes. Hearke stapte fan 'e wein en sette de jonge bazen nei. Dy fluchten ta de âlderlike woaning yn. Hearke dêr hinne.
De frou kom him yn 'e gong tomjitte. Sy stie midden yn 't paed.
"Ik siz: Ut 'e wei", sei Hearke.
Mar de frou bleau stean.
"Ik siz: Ik mat der troch", sei Hearke. Ik mat dy beide jonges ha, dy't hjir ta'n yn roan binne."
Hy drukte de frou oan kant en doe gong er de keamer yn. Dêr stienen de beide knapen. Se wienen sahwat achttsjin jier âld.
Hearke sei: "Sille jimme dat nou wer dwaen?"
Doe krige er se beide beet en treau se nei elkoar ta, en doe helle er se wer fan elkoar. Mar dat died er op in sadanige wize dat de twa hienen genôch. Hy hat noait wer lêst hawn.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke zat eens met een familielid op de wagen toen ze werden lastiggevallen door twee knapen. Sterke Hearke achtervolgde de jongens in het huis waarin ze gevlucht waren, en sloeg ze tegen elkaar aan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 135, verhaal 3
Commentaar
7 december 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Rikele   
Naam Locatie in Tekst
Feansterheide   
Boelensloane   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21