Hoofdtekst
Myn muoike wie Aeltsje Witteveen, dat wie in suster fan heit. Dy wie ek tige sterk. Op in kear hie se twa earnamers oan 't jok. Dy sieten beide stiiffol mei wyt sân. Elke earnamer koe krekt in kynsen yn (dat is _ h.l.). Us heit dy seach it, en dy tocht: Dat rêdt se noait op. Hwant sy moest der in hûndert meter mei rinne. En as se it àl dwaen koe, tocht er, dan soe it jok grif brekke. Mar noch it iene noch it oare. It jok bleau hiel en Aeltsje brocht it wite sân toplak.
Beschrijving
Een vrouw was zo sterk dat ze twee melkemmers aan een juk, gevuld met wit zand, wel honderd meter ver kon sjouwen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 135, verhaal 6
Commentaar
7 december 1966
Naam Overig in Tekst
Aeltsje Witteveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21