Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ013601

Een sprookje (mondeling), woensdag 23 november 1966

Hoofdtekst

In baron en syn frou dy wienen der op in joun togearre op út. De faem wie allinne thús. Hja forskjinne har dy jouns en stie heal neaken yn har sliepkeammerke foar de spegel. Hja fornaem net, dat der ien ûnder har bêd lei. In skoftsje letter gong se lizzen.
De oare moarns stienen de doarren iepen en der wie ynbrutsen by de baron. Allerhande sulver- en goudguod wie fuort. Foar in hiel kaptael. De faem krige der de skuld fan, hwant dy hie de jouns allinne thús west. Hja waerd der fan fortocht, dat hja it spul stellen hie. Hja waerd fuortjage en rekke alhiel oan leger wâl. Hja koe noait wer ergens wurk krije omt hja op in forkearde namme lei.
Hja waerd skoudere, omt men miende, hja hie stellen. Op it lêst waerd se wol twongen om mei skoaijen oan 'e kost to kommen. Sa earm waerd se.
Doe gebeurde it, dat se op in kear by de snider kaem to skoaijen. De frou kaem by de doar. "Ik sil jo even hwat helje", sei se en sy gong wer yn 'e hûs. Doe hearde de faem dat de snider tsjin 't wiif sei: "O, is dat neakene frommes dêr?" Doe hearde se dat it minske sei: "Dû meist dy wol stil hâlde, hwant it kin noch wolris útkomme hwatstû dien hast." De faem hie nou fuort yn 'e gaten hwa't de dieder wie. Sy gong nei de baron ta. Mar it duorre lang ear't dy mei har prate woe. Mar doe't it dan dochs sa fier kaem en de baron har wurden oanheard hie, seach er hiel oars. Hy stjûrde fuort de plysje op 'e snider ta. Gâns minsken hienen der har al oer forbaesd dat de snider it de lêste tiden sa bêst rêdde koe. Dat like al hwat nuver.
Der kaem in rjochtsaek fan en de snider foel troch de koer. De faem waerd ryk bileanne en kaem wer by de baron en syn frou, dêr't se it tige goed krige.

Beschrijving

Dienstmeid die een avond alleen thuis is, verschoont zich en gaat slapen. Ze merkt niet dat er iemand onder haar bed ligt. De volgende ochtend blijkt dat veel zilveren- en gouden spullen zijn gestolen. De meid krijgt de schuld, wordt verjaagd en moet gaan bedelen. Zo komt ze bij een kleermaker waar ze man en vrouw over haar en de diefstal hoort praten. De meid licht haar vroegere baas in, die schakelt de politie in en de man bekent. De meid wordt beloond en krijgt haar werk terug.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 136, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 november 1966

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21