Hoofdtekst
Der wie in âlde mefrou, dy wie op in joun allinne thús. It famke, dat by har ynwenne, wie foar har to boadskipjen. Tafallich woarde se ynienen it skaed fan in hân gewaer fan ien dy't ûnder 'e kast lei. It âld minske waerd o sa kjel, mar sy liet neat skine. Sy tochte: "Ik mat my rêstich hâlde. Hjir leit in keardel ûnder 'e kast en dy wol hjir aenst ynbrekke."
Doe't se even neitocht hie, krige se in stik papier en in potlead en bigong to skriuwen. "Hjir leit in ynbrekker by my ûnder 'e kast", skreau se. "Warskôgje fuortdaliks de plysje." Doe die se de brief yn in slûfke.
Even letter kaem it famke thús mei de boadskippen. "Heden, bern," sei se, "nou ha 'k noch in pear boadskippen forgetten. Gean fuort wer even nei deselde winkel ta. Sjoch, de boadskippen steane op dit briefke. Mar meitsje in bytsje oan, hwant wy matte allebeide noadich op bêd."
It famke rekke mei it briefke fuort. Mar doe't dat briefke yn 'e winkel lêzen waerd, gongen se fuort nei de plysje ta. Dy kaem by de âlde mefrou en weefde mei de ynbrekker ôf.

Beschrijving
Een oude vrouw die alleen thuis is ziet de schaduw van een hand van iemand die onder de kast ligt. Ze wordt bang, maar blijft ook rustig. Na even nadenken schrijft ze een briefje dat er een inbreker onder de kast ligt en dat de politie direct gewaarschuwd moet worden. Na thuiskomst van het meisje stuurt de vrouw haar met het briefje meteen terug naar de winkel onder het mom dat ze boodschappen heeft vergeten. Na lezing van het briefje wordt de politie gewaarschuwd en de inbreker ingerekend.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 136, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 november 1966
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21