Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014103

Een sage (mondeling), woensdag 30 november 1966

Hoofdtekst

Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart.
Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek nom se de lytse jonge hwat mei. In koekje, in apel, in suertsje, ofsa.
Mar 't bern woarde siik en de dokter koe neat oan him fine. Doe gong pake nei de duvelbander ta. Dy sei: "Der komt faek in âld-wiif by jimme, dy't de lytse jonge hwat jowt. Dy wennet net fierôf. 'k Sil jo in drank meijaen. Hwant dy jonge fan jo is yn 'e lichte graed bihekst. Jo binne op 'e tiid kom. As jo noch fjirtsjin dagen wachte hienen, hie 't to let west. Der sitte krânsen yn it jonkje syn holkessen. As dy alle trije fol binne, is 't bern wei. Dy âlde hekse is al mei de trêdde krâns dwaende. Jimme matte it kessen iepensnije en der om tinke, dat it âlde wiif de egen net oer de drank hat.
Ik ha hjir in ein hout stean, dat matte jo meinimme", sei er tsjin pake.
"Hwer is dat foar?" frege pake.
"As jo aenst op 'e rûmte binne, dan komt dy hekse by jo yn 'e gedaente fan in dikke houn. Mar jo hoeve net bang to wêzen, hwant hy docht jo neat. Mar hy wol mei syn dikke poaten op 'e drank springe om it fleske stikken to krijen."
Pake tocht him al in bytsje bang. Hy tocht: "Hwa wit hwat foar in forskuorrende houn dat wêze kin." Mar hy hie in grouwe stok krige en naem him foar dy mar goed hinne en wer to swaeijen. Dan koe de houn net op 'e drank komme.
Underweis kom der in greate houn op him ôf.
Mar pake kearde him by de drank wei.
Doe't er thúskom snijden se it kessen iepen.
Der sieten trije krânsen yn, ien wie heal foltôge.
It jonkje krige fan 'e drank.
De oare moarns, dêr kom de heks al oan. Sy stie oan 'e oare kant de feart en rôp: "Doe de plank even over!"
Mar pake sei: "Ik kom net by de feart en ik wol dy hjir net wer op it hiem ha!"
Doe koe se gjin fet mear op 'e lytse jonge krije en it bern woarde fan stonde oan better.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

De vader van een betoverd kind kreeg van de duivelbanner een drankje mee en de waarschuwing dat hij onderweg een grote, zwarte hond zou tegenkomen die de fles kapot zou willen maken. Thuis moest hij zorgen dat de heks de drank niet zou zien. Ook moesten de kransen in het kussen van het kind verbrand worden. Hierna werd het kind weer beter.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 141, verhaal 3

Commentaar

30 november 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

alde Klare    alde Klare   

Wike    Wike   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21