Hoofdtekst
Der wie in man, dy hie syn jild ophelle foar de sûkerij, dy't er forboud hie. 't Wie let op 'e joun en tsjuster. It jild dat droech er yn in pûde, it wie doe allegear noch sulverjild. Yn dy tiid wie 't net feilich bûtendoar, men hie wolris lêst fan rovers. Dat doe't dizze man in pear minsken oankommen hearde, tochte er, ik mat mar fanside krûpe.
Doe seach er oan 'e kant in omkearde boat lizzen. Dêr krûpte er ûnder. De beide oaren kamen tichterby en gongen op 'e omkearde skou sitten. Doe hearde er dat de iene tsjin 'e oare sei: "Hy mat hjir nou ek hast wêze." En út it fierdere gesprek fornaem er dat se him dêrmei bidoelden. Se woenen him fan it jild birove.
Mar doe't se dêr in moai skoft sitten hienen, bigoun it har to forfelen en sy gongen fuort. Doe kom de man ûnder 'e boat wei. It wie oan 'e Boppewei nei de Westerein út. Doe kom er by 't earste hûs oan 'e Spoekloane. Doe't er dêr ynkaem wie dat it hûs fan ien fan syn arbeiders, in sikere Hoekstra. Dat wie ien fan 'e beiden, dy't him it jild ûntfytmanje wollen hie. Hy hearde it fuort oan 't lûd, en dêr wie noch ljocht op.
Sa hied er ien fan 'e dieven ûntdutsen.

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Een man had op een avond een hoop zilvergeld bij zich, toen hij twee rovers aan zag komen. Snel verstopte hij zich onder een omgekeerde boot. Juist op die boot gingen de twee rovers zitten wachten op de man die ze wilden beroven. Pas toen de rovers het wachten zat waren, kon de man weg. Uit een huis, een stukje verderop, hoorde hij het stemgeluid van een van de rovers. Hij zag dat het een van zijn eigen arbeiders was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 142, verhaal 10
Commentaar
30 juli 1966
De man onder de omgekeerde boot
Naam Overig in Tekst
Hoekstra   
Naam Locatie in Tekst
Boppewei   
Bovenweg   
Westerein   
Westereinde   
Spoekloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21