Hoofdtekst
Us heit hat us nei Grinslân west to takkebinen yn 'e buert fan Tolbert. Dêr wie allegear bosk. Hy slepte nachts by de boer yn 't strie op 'e koustâl. Mar dat strie, dat waerd stadichoan ûnder him weiskuord. Op it lêst hied er net in strieke mear ûnder him. Doe tocht er, dat sil de houn wol dwaen, mar dat wie sa net. Hy seach us goed om him hinne en doe woarde er boven yn 't bûthús, by de doar, in gleon eech gewaer. Doe woarde er tige kjel.
Hy kom in pear dagen letter by minsken dy't dêr tichte by wennen. Dêr fortelde er it oan. Doe sei it buorwiif: "Buurfrou kan hekse." Se frege of heit dêr hwat hawn hie. "Ja," sei heit, "roggenbrij ha 'k dêr hawn." Dat wie de oarsaek, sei se, dêrtroch wie heit bitsjoend rekke.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een man was aan het werken bij een boer in Groningen. Hij sliep in de koeienstal op het stro. In de schuur zat een wezen met gloeiende ogen, die steeds meer stro onder de man vandaan haalde. Toen hij dit een paar dagen later aan een buurtbewoner vertelde, zei deze dat hij waarschijnlijk door de boerin betoverd was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 145, verhaal 3
Commentaar
19 december 1966
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Locatie in Tekst
Grinslân   
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21