Hoofdtekst
Yn Olterterp lei in hiele grouwe beam oer de wei. Der wienen manlju mei dwaende om dy beam op 'e wein to laden, mar dat koenen se net rêdde. Doe fregen se Ynse, of dy helpe woe. Ynse sei: "Goed. Nim jimme dan meimankoar de lichte ein, dan nim ik de swiere ein. Klear?" Doe hufte hy de beam op 'e wein, dy't se der meielkoar net op krije koenen. Mar doe gongen dy mannen nei 't Wite Hûs ta om in buorrel en sy hienen net it fatsoen om Ynse der by út to noadigjen. Mar hwat Ynse doe to dwaen hie, dy gong wer nei de wein ta en hy liet de beam wer op 'e groun falle.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Ynse hielp een aantal mannen een hele grote, zware boomstam op een wagen te tillen. Maar toen de mannen daarna wat gingen drinken, hadden ze niet het fatsoen om Ynse daar ook voor uit te nodigen. Dat maakte Ynse zo boos dat hij de boomstam weer van de wagen afhaalde.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 145, verhaal 13
Commentaar
19 december 1966
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Ynse   
Wite Hûs   
Witte Huis   
Naam Locatie in Tekst
Olterterp   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
