Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014605

Een sage (mondeling), vrijdag 23 december 1966

Hoofdtekst

Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen.
Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy setten der op in joun nei ta. 't Wie snein-to-joun. Sy hienen mei elkoar ôfpraet, sy soenen der neat opite of drinke, hwant dan koe it wol us net goed komme. Dat fortrouden se net.
Doe't se in skoft by dy trije froulju sitten hienen, bigoun ien fan 'e âlderlingen to praten. Hy sei: "Wy ha wolris heard, dat jimme oan 'e frije kunst dogge. Wy wolle wol in frou ha, mar dan matte jimme ús earst dy frije kunst leare. Hwant wy wolle as man en wiif mei jimme gelyk stean kinne.
Dat like de trije fammen bêst ta, hwant sy woenen graech in man ha.
De âlderling sei: "Jimme matte sizze hwat wy dwaen en sizze matte." Dat wie goed. "Dan matte jimme meikomme nei de skuorre", seinen de dames.
Dat dienen de âlderlingen. Ien fan 'e froulju droech in stoarmlampe, mar doe't se yn 'e skuorre wienen, pûstte se de lampe út. Doe waerd it roettsjuster. Mar de trije mannen hienen fan to foaren al stikum de stikke fan 'e skuorredoar dien, dat dy stie op in kier. Ien fan 'e froulju sei: "Nou matte jimme ús dit neisizze: "Ik forswar God mei syn hiele oanhang en hebben en hâlden. Ik hâld it mei de duvel en syn oanhang. Dan stean jimme mei ús gelyk."
De trije mannen stienen klear om fuort. Twa fan harren seinen it krekt oarsom: "Ik forswar de duvel mei syn hiele oanhang en hebben en hâlden. Ik hâld it mei God en syn oanhang."
Doe waerd it even hielendal ljocht yn 'e skuorre. Ien fan 'e âlderlingen seach noch dat der trije grouwe, wite hynders yn 'e skuorre stienen ynpleats fan froulju. Dy hynders sloegen om 't leven.
De mannen switten fan binaudens, doe't se bûten wienen en makken gau, dat se thúskamen.

Onderwerp

SINSAG 0536 - Hexenkunst wird gelehrt. Erwachsener verzichtet darauf wenn er Gott (Maria) abschwören soll.    SINSAG 0536 - Hexenkunst wird gelehrt. Erwachsener verzichtet darauf wenn er Gott (Maria) abschwören soll.   

Beschrijving

Drie heksen willen graag een man hebben, maar niemand wil met hen trouwen omdat ze de vrije kunst beoefenen. Drie gereformeerde ouderlingen willen wat meer van die duivelskunsten weten en gaan op een avond poolshoogte nemen bij de heksen. De mannen geven te kennen dat ze alleen met de heksen willen trouwen als die hen ook de beginselen van de vrije kunst bijbrengen. De heksen nemen de ouderlingen mee naar een donkere schuur. De mannen moeten zeggen dat ze God vervloeken en de duivel aanhangen. De mannen zeggen het echter net andersom: ze vervloeken de duivel en hangen God aan. Op dat moment licht de hele schuur op en zien de ouderlingen plotseling drie paarden in de schuur staan. De mannen weten niet hoe snel ze weg moeten komen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 146, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

23 december 1966
Hexenkunst wird gelehrt.

Naam Overig in Tekst

Grinslânse    Grinslânse   

Westersân    Westersân   

Naam Locatie in Tekst

Oldekerk    Oldekerk   

Grinslân    Grinslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21