Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014606

Een sage (mondeling), vrijdag 23 december 1966

Hoofdtekst

Doe't ik 26 jier âld wie, wenne ik yn Nijehove. Doe kaem dêr in skipper út Strobos mei syn skipke. Hy frege twa bruorren Cleveringa of se ek sizze koenen hwer't er molke krije koe.
"Dêr by dy plaets wol", seinen se en sy wiisden it plak oan. Dy plaets stiet der noch.
De iene fan 'e bruorren Cleveringa sei: "Jo binne âld frijgesel. Dy boer dêr hat in knappe dochter. Dy kinne jo wol krije."
Mar de skipper tochte: "Gjin sprake fan. Ik mei in rike boeredochter, dat is gjin partuer foar mij."
Twa moarnen achter elkoar helle hy de molke der wei. De boer syn dochter joech him de molke. Hja wie in plesierige, freonlike faem.
Doe't er de saterdeis wer kaem om molke wie hja sa freonlik en oanstjitsk, dat hy tochte: "Hwat kin 't ek skille, ik weagje it. Sy kin noait mear sizze as né." En doe frege er har oft er de oare jouns by har komme mocht.
"Jo meije moarnjoun wol komme", sei se. Dat die er. Oan tolwe ûre ta sieten se moai gesellich by elkoar to praten. Mar doe seach er op in stuit om him hinne en doe wie de faem fuort. Mar doe't er ûnder 'e tafel seach, siet dêr in dikke swarte kat.
Doe gong de skipper gau fuort. By de doar seach er noch even nei de kat. Doe sei dy kat noch twa kear fan miau. Doe tocht er: "Duvel, nou fuort!" Hwant doe waerd er bang.
De oare deis frege dy iene fan 'e Cleveringa's him: "Hoe is 't gong, skipper?"
"Earst wol goed," sei er, "mar nei tolven waerd it minder."
Cleveringa sei: "Dêr wie 'k wol mei op 'e hichte. Dêrom kin hja gjin feinten hâlde. 't Is altyd mar ien kear dat se komme en dan is 't wer dien. Mar jo hienen gerust sitten bliuwe kind. In skoft letter hie se wer njonken jo sitten en hie alles wer gewoan west."
(Dit forhael hat de skipper my sels forteld)

Beschrijving

Een schipper vraagt aan twee broers waar hij melk kan krijgen. De broers wijzen hem de weg naar de boerderij en attenderen hem op de mooie boerendochter omdat de schipper nog vrijgezel is. De schipper sputtert wat tegen, maar als hij ziet hoe leuk het meisje is, besluit hij het erop te wagen. De volgende dag om middernacht zit hij gezellig bij haar thuis te praten, als het meisje plotseling in een zwarte kat verandert. Het meisje is een heks en de schipper maakt zich bang uit de voeten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 146, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

23 december 1966

Naam Overig in Tekst

Nijehove    Nijehove   

Cleveringa    Cleveringa   

Naam Locatie in Tekst

Strobos    Strobos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21