Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014703

Een sage (mondeling), dinsdag 27 december 1966

Hoofdtekst

Yn Uthuzen (Gr.) wie in spoekskuorre. Dy neamden se de skuorre mei de wite doar. Us heit en dy ha der wol west to sliepen as se dêr op 'e bou wienen. De lju dy't dêr slepten moasten altyd sà fier fan dy doar ôfbliuwe. Dêrom hienen se dy doar wyt ferve. As der guon opnij kommen to sliepen woarden dy altyd warskôge foar de rûmte by dy doar, dêr't net ien lizze koe.
Heit en dy wienen der us in kear wer, doe kom dêr in jong spantsje, dat krekt troud wie. It wienen Jan en Lutske. Dy woarden ek warskôge, mar sy steurden har der net oan. Sy makken in bêd , tichte by de wite doar. Alde moeke Japik hie altyd lúsjefers en soarge foar de lantearnen.
Midden yn 'e nacht hearden se in lûde gjalp fan it frommeske. Sy woarden der allegearre wekker fan en rôpen om moeke Japik, dy't lúsjefers hie. Mar moeke Japik doarst net út it strie wei to kommen. Doe is ús heit krûpendewei yn 't tsjuster by moeke Japik kom en hat lúsjefers krige, dêr't er de lantearne mei opstutsen hat. Doe't de lampe brânde, lei it jonge frommeske yn swym tusken de oare minsken yn. Hja wie in ein fuortslingere woarn troch de skuorre.

Onderwerp

SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen    SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   

Beschrijving

Er is een spookschuur die 'De schuur met de witte deur' heet. Er overnachten vaak mensen in de schuur, maar niemand mag te dicht bij de witte deur slapen. Een pasgetrouwd stel slaat de waarschuwingen in de wind en maakt een bed op vlakbij de deur. Midden in de nacht klinkt plots een kreet op. De vrouw van het koppel ligt bewusteloos op de grond omdat ze heen en weer geslingerd is door de schuur.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 147, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

27 december 1966
Von unsichtbaren Händen aufgenommen

Naam Overig in Tekst

Uthuzen    Uthuzen   

'De skuorre mei de wite doar'    'De skuorre mei de wite doar'   

'De schuur met de witte deur'    'De schuur met de witte deur'   

Jan    Jan   

Lutske    Lutske   

Japik    Japik   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21