Hoofdtekst
Der wie us in koaning, dy loofde in jildsom út oan deselde dy't in forhael fortelle koe, dêr't de koaning op sizze koe: "Dat lychste."
Allegearre minsken kommen om to fortellen, mar de koaning sei hyltyd mar: "'t Kin wier wêze."
Op 't lêst kom der in skieppehoeder by him. Dy fortelde him, hy wie us op in fjild lân, dêr groeiden sokke greate koarnhalmen, dat dêr koed er yn opklimme.
"It kin wier wêze", sei de koaning.
Hy klom der yn op, hiel fier de loft yn, wich en de wer. Doe't er hielendal bovenyn wie, liet er him sakje, like fier ûnder 'e groun as dat hy der earst boven wie.
De koaning sei: "It kin wier wêze."
"Ja, mar ûnder 'e groun, sire, wenje ek minsken."
"It kin wier wêze", sei de koaning.
"Dêr fregen se my, of ik de koaning boppe de ierde wol koe, dy't sa graech forhaeltsjes hearre mocht. 'Ja', sei 'k.
Doe seinen dy minsken dêr: 'De koaning syn heit hat hjir ûnder 'e groun skieppehoeder west...'"
"Dat lychste", sei de koaning.
Doe hie de hoeder it woan. Hy krige in protte jild fan 'e koaning.

Onderwerp
AT 0852 - The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."   
ATU 0852 - Lying Contest   
Beschrijving
Een koning looft een geldprijs uit voor diegene die een verhaal vertelt waarop de koning kan antwoorden 'dat lieg je'. Veel mensen bestoken de koning met leugenachtige verhalen, maar iedere keer zegt de koning: 'Het zou kunnen'. Op een dag steekt een schapenhoeder een sterk verhaal af over reusachtige korenhalmen en mensen die onder de grond wonen. De koning is nog steeds niet onder de indruk, tot de schapenhoeder zegt: 'de vader van de koning is onder de grond schapenhoeder geweest'. 'Dat lieg je!' brult de koning direct. Zo gaat de schapenhoeder er met de pot geld vandoor.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 147, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
27 december 1966
The Hero Forces the Princess to Say "That is a lie"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21