Hoofdtekst
Yn Burgum wie us in man forstoarn. Hy hie in pear moaije sulveren gaspen op 'e skuon hawn en foardat er stoar sei er tsjin syn wiif: "Dy gaspen dy matte der bliuwe. Dy moat ús jonkje letter op 'e skuon ha." De frou biloofde dat.
Mar letter kaem dy frou sa bot yn 'e earmoed to sitten, dat hja forkocht dy gaspen oan in buorfrou.
Doe sei it jonkje op in kear: "Mem, ús heit komt alle dagen by de hekke en as ik fuort rin, rint er my hurd achternei. Ik kin him net ûntrinne, sa hurd kin er."
It minske woarde kjel en wie mei 't gefal oan. Sy gong nei de dûmny ta en frege dy of hy it spûk oansprekke woe. Dat wie goed, de dûmny kaem.
't Jonkje woe der ek by. "Sjochst him al, jonge?" frege de dûmny. "Ja," sei de jonge, "dêr komt er oan."
Doe sei dûmny tsjin 'e man: "Ha jo in bigearte?"
De man sei mei in lûd, krekt as kaem it út 'e groun wei: "De sulveren gaspen hat myn frou forkocht. Dy soenen der bliuwe foar de jonge. Dat hat se my biloofd. Nou kin ik net rêste. As se der foar soarget, dat dy gaspen der wer komme, bliuw ik wei."
De frou sei: "Dy gaspen kin 'k wol wer krije, de buorfrou hat se noch. Ik keapje se wol werom."
Dat hat se dien en doe krige de jonge se op 'e skuon.
Doe ha se gjin lêst wer hawn.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een man sterft en zijn vrouw haalt zijn mooie, zilveren gespen van zijn schoenen af. Ze heeft haar man beloofd dat hun zoontje de gespen zal krijgen. Er breekt een tijd van armoede aan en de vrouw moet noodgedwongen de gespen verkopen aan de buurvrouw. De overledene verschijnt prompt aan het tuinhek en blijft daar ronddolen. Als de dominee hem uiteindelijk naar zijn onvervulde wens vraagt, wijst de overledene zijn vrouw op haar belofte. De vrouw koopt de gespen weer terug en geeft ze aan de jongen. De geest van de overledene heeft pas rust als de belofte is nagekomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 148, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
30 december 1966
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)
Naam Locatie in Tekst
Burgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21