Hoofdtekst
Jelle wie troud mei Sanne. Ik ha se beide goed kend. Jelle wie in hiele raren-ien. Hy flokte om 't oare wurd. Hy wenne by in boer by Dokkum.
Op in kear, doe't er op wei wie nei hûs ta, kamen der twa ingels op him ta, hiel moai yn 'e klean mei stjerkes op 'e stof en de wjokken dy hâldden se foarút. Sy gongen flak foar Jelle stean, doe gongen se even in eintsje achterút en fuort dêrnei stienen se wer lyk foar him.
Sa gong dat hyltyd mar troch. Jelle wie deabinaud. Hy fleach nei Sanne ta sa hurd er koe.
Sanne sei: "Dat hast fan dyn flokken." Mar hy wie nei dy tiid aerdich bikom. It kom noch safier mei him, dat hy rekke nei tsjerke ta. Dêr woed er froeger noait hwat fan wite.

Beschrijving
Een man die altijd vreselijk aan het vloeken is, wordt plotseling vergezeld door twee engelen. De engelen blijven hem de hele tijd omringen. Hij schrikt hier zo van, dat hij wat meer op zijn woorden gaat letten. Later is hij zelfs een fanatiek kerkganger geworden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 148, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
30 december 1966
Naam Overig in Tekst
Jelle   
Sanne   
Naam Locatie in Tekst
Dokkum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21