Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015303

Een sage (mondeling), zondag 15 januari 1967

Hoofdtekst

Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en tochte: "Dit is gjin goed spul. Astû dêr net wei gieste, is 't net bêst." Hwant hy seach wol dat it ien fan 'e kweade wie.
Hy wachte in skoft, mar de houn bleau sitten. Doe tocht er: "Ik mat der doch lâns." Dat koe ek bêst. Mar hy woe safolle mooglik de houn ûntwike. En dêr lei er samar yn 'e sleat. En de houn ek. Mar doe wie dy houn ynienen fuort as wie der weifage. Piter wie trochwiet en hy dreau yn 't swit. Sa bang wied er.
"Hwat mankeart dy?" seinen syn âlden. Hwant hy wie sa wyt as in thékopke.
"Hjir wie in boaze geast", sei Piter.

Onderwerp

SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Een man heeft zich een avond vermaakt met de vrouwen en stuit op weg naar huis op een grote, donkere hond die hem de weg verspert. Piter wacht eerst een poosje of de hond vanzelf weggaat. Als het dier blijft zitten, besluit hij er gewoon langs te gaan. Dan ligt hij plotseling met de hond in de sloot. De hond is even later ineens verdwenen en Piter rent doodsbenauwd naar huis. Het was een spookdier.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 153, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

15 januari 1967
Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn)

Naam Overig in Tekst

Piter van der Kloet    Piter van der Kloet   

Piter    Piter   

Surhústerfeanster    Surhústerfeanster   

Greategast    Greategast   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Mieden    Mieden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21