Hoofdtekst
Oege van Dijk wie timmerman. Hy timmere yn Droegeham. It wie in man dy't leaude oan God noch syn gebot. En hy swearde en swetste om 't leven. De maten dy't him holpen gong it soms to mâl. Op in joun sei in opperman tsjin him, doe't er wer los west hie: "Wy binne ek net gelovich, mar dit giet to rûch." "O ja?" sei er, "my net."
"'t Wurdt aenst donker," sei de opperman, "doarre jo dan wol reizgje?"
"Hwerom net?" sei Oege. Hy moest oer Surhústerfean. Hy sei: "As komme der my safolle duvels tsjin as der pannen op it dak sitte, dan wie 'k nòch net bang." En hy stapte mounich op, mei de bak mei timmerridskip op 't skouder. Hy wie net bang útfalllen.
Mar ûnderweis waerd him ynienen de bak mei ridskip fan 't skouder smiten. En dêr tûmele er sels ek hinne. Hy skarrele oerein en socht de spullen wer hwat byelkoar en sette de bak wer op 't skouder.
Mar in eintsje fierder waerd de bak der wer ôfsmiten en doe krige er sels ek in rare smeet. Syn lichum waerd dêr sa troch knoeid dat hy koe 't mar kwalik op skonken hâlde. Hy makke dat er thúskaem. Hy tochte: "Dit mat net wer gebeure." Hy wist dat de boaze him dit oandien hie foar syn spotten. Spotters krije spotterslean. Letter hat er sein: "Ik ha dit der mei leard. Ik ha myn straf ûndergien. Ik sil net wer spotte. (waarschijnlijk is dit het verhaal over Ruurd van der Veen (Mike Ruerd) te Harkema en heeft O. v. Dijk er niets mee uit te staan. A.A.J.)

Onderwerp
SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   
Beschrijving
Een ongelovige timmerman kan zo verschrikkelijk vloeken en tekeer gaan, dat zelfs andere ongelovigen er aanstoot aan nemen. Als de man op een dag - gereedschapskist op de schouder - naar huis gaat, pocht hij dat hij voor niemand bang is, zelfs niet als hem zoveel duivels tegemoet komen 'als er dakpannen op een dak zitten'. De stoere kerel gaat welgemoed op pad, maar wordt al gauw gestraft voor zijn overmoed. Een enorme kracht werpt zijn gereedschapskist van zijn schouder; even later wordt hij zelf gegrepen en op de grond gesmeten. Alhoewel hij nauwelijks op zijn benen kan staan, maakt hij dat hij zo snel mogelijk thuiskomt. Daar verklaart hij veel van het voorval geleerd te hebben en nooit meer te zullen spotten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 153, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
15 januari 1967
Von unsichtbaren Händen aufgenommen
Naam Overig in Tekst
Oege van Dijk   
God   
Oege   
Naam Locatie in Tekst
Droegeham   
Surhústerfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21