Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ016216

Een sage (mondeling), woensdag 30 augustus 1967

Hoofdtekst

Us heit hie lân to hier: perseeltsjelân. Dat forhierde er oan trije man. Hja bitellen elk njoggen goune yn 't jier. Mar Wibe woe net bitelje. Doe heit nei Wibe ta. 't Wie yn Sweagerbosk.
Wibe wie oan 't hakjen. Heit sei: "Hwannear krij 'k myn hier?" Doe ûnderhelle Wibe de bats en dêrmei soed er ús heit de kop ynslaen. Ik seach it en rôp: "Oe heden, nou slaen se ús earme heit kroandea!"
Mar de bats kom op 't skouder torjochte.
Heit reizge nei de dokter ta, mar hy koe der net fan bovenop komme. De plysjes krigen de saek yn hannen, mar it wie net biwezen dat Wibe it dien hie. Ik hie 't wol sjoen, mar ik wie de dochter en sawntjin jier. En heit siet der mar mei. Hy roan altyd mei de hân yn 'e doek en koe net arbeidzje.
Sa kom Oene him tsjin.
"Hoe giet it?" frege er.
"Altyd pine", sei heit.
"Kom hjir us." Doe biseach er it. Hy sei: "Jimme matte kûgeltsje-blau yn wetter dwaen en dan deis trije kear de earm omheech hâlde en dy waskje fan de hân nei 't skouder ta."
Heit wie samar wer better.
Mar Oene hie 't fan 'e kweade, hwant hy hat ek wol us guon bitsjoend. Syn namme wie Oene Kempenaar. De minsken hienen him yn 'e rekken, sels syn eigen famylje.

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

Beschrijving

Een man wordt door een achterstallige-huurbetaler op de schouder geslagen en lijdt helse pijnen. Oene de belezer weet wel een middeltje om de klachten weg te nemen, maar zijn methoden worden met de nodige scepsis bekeken omdat hij banden met de duivel onderhoudt. Iedereen houdt Oene altijd in de gaten, zelfs zijn eigen familie.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 162, verhaal 16 (archief MI)

Commentaar

30 augustus 1967
Belezer geneest mens of dier & SINSAG 0881 Der Teufelsvertrag

Naam Overig in Tekst

Wibe    Wibe   

Oene    Oene   

Oene Kempenaar    Oene Kempenaar   

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21