Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ016219

Een sage (mondeling), woensdag 30 augustus 1967

Hoofdtekst

Sjoerde Ael fan Sweagerbosk hat har eigen trije muoikesizzers deatsjoend mei bihelp fan âlde Lamke.
Lamke wie de mem fan 'e trije jonges.
Hja hienen branje to keap en mem hie der us hinne west om turf.
Doe't mem thús kom hie se hiel bot pine.
"Bontsje," sei se tsjin my, "helje my de pispot."
Ik lake.
"Ik forgean fan 'e pine", sei se.
Ik helle de pispot en dêr gong se op sitten. Wol in healûre lang bleau se dêr op sitten. En hja jammere sa bot, dat ik tocht net oars of sy soe stjerre.
Nei in healûre sakke de pine wei.
Hwat siet der yn 'e pot? Trije slangen. De iene sa great as myn pink, de oare sa great as myn wiisfinger, de trêdde sa great as de middenfinger. De slangen wienen prachtich streept en kleurd. Sy leefden en swommen dat it in lust wie. En sy stutsen de koppen omheech.
"Ik haw in stikje moal hawn by Lamkje", gûlde ús mem. (moal = roggeneprip)
"Nou," sei ik, "har tsjoenderij hat gjin fet op mem hawn, hear." Hwant mem wie wer klear.
Ik sette de pot mei it lid der op achter de doar.
De jouns kom heit thûs.
"Ik ha hjir sokke moaije dierkes", sei 'k. Doe liet ik heit de slangen sjen.
Doe sei heit tsjin mem: "Astû net sterk west hiest, hiest nou dea west. Ik ha sa faek tsjin dy sein: Nim dêr neat oan."

Beschrijving

De heks Sjoerde tovert haar drie neefjes dood met de hulp van de moeder van de knaapjes - de heks Lamke. Een tijdje later vergaat de moeder van de verteller bijna van verschrikkelijke pijnen nadat ze turf heeft gehaald bij heks Sjoerde. Luid jammerend neemt de moeder plaats op de pispot en het lijkt erop alsof ze bezig is te sterven. Als na een half uur de pijn afneemt, kronkelen er drie prachtig gekleurde gestreepte slangen van verschillend formaat in de pispot. De moeder wordt bang en wil de hekserij afweren met een stuk rogge, maar dit blijkt niet nodig: de heks krijgt geen vat op haar.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 162, verhaal 19 (archief MI)

Commentaar

30 augustus 1967

Naam Overig in Tekst

Sjoerde Ael    Sjoerde Ael   

Lamke    Lamke   

Bontsje    Bontsje   

Lamkje    Lamkje   

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21