Hoofdtekst
Doe't ús heit (Thomas Bruining) stoar, wied er ien en fyftich jier. Hy hie de hjerstmis nei Dútslân ta west. (seizoenwurk) Dêr kaem er siik wer wei. It hiele winterskoft sukkele er.
Op in kear sieten wy by de itenstafel. 't Wie yn 'e Houtigehage. Heit sei: "Ik mat der even út." Hy lei de furke del. Hy kaem fuort net werom. Us mem (Thomas Klare) rôp: "Hwer bliuwste?" Doe sei er: "Sy ha my op 'e wein. Sy bringe my nei 't tsjerkhôf. Ik kin ten heechste noch in healjier leve. Dan is 't gebeurd."
De maitiids moest ik in fjirtsjin dagen nei Grinslân ta nei de bou. Ik frege dokter: "Hoe is it mei heit?" Hy sei: "Jouw vader kan ten hoogste nog veertien dagen leven."
Doe bigong ik to gûlen, hwant ik moest fuort nei de klaei om hwat to fortsjinjen. Ik hie folle leaver thús bliuwe wold.
Heit seach dat ik skriemde, mar hy wist net dat ik mei dokter praet hie. Hy sei: "Hja sil de tiding wol krigen ha."
Ik rekke nei Kloosterburen (Gr.) ta to wjudden. Nei fjirtsjin dagen kom der in tillegram: vader stervende.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een man sukkelt met zijn gezondheid en voorziet op een dag dat hij binnen een half jaar op de lijkwagen naar het kerkhof gebracht zal worden. Zijn zoon raadpleegt de dokter en die voorspelt dat de vader binnen twee weken zal sterven. De zoon - een kleiarbeider - krijgt veertien dagen later inderdaad een telegram dat zijn vader op zijn sterfbed ligt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 168, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
22 maart 1967
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Thomas Bruining   
Thomas Klare   
Naam Locatie in Tekst
Dútslân   
Houtigehage   
Grinslân   
Kloosterburen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21