Hoofdtekst
Der wie in feint, dy wie dronken. Sa kom er by syn âlden thús. Mar dy woenen him der net yn ha mei syn dronkene kont, en sy jagen him fuort. Doe kocht er noch in pear en it gong op in flokken en swetsen, dat it raer wie. Doe gong er út 'e kroech wei en roan by de Kollumer tsjerke lâns. Dêr woarde er pakt, mar hy seach net ien. Flak foar de hameije fan 'e tsjerke woarde er dellein. Dêr hat er de nacht trochbrocht. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
Onderwerp
SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   
Beschrijving
Een vloekende dronkelap wordt door een onzichtbare kracht gegrepen en vlak voor de kerk neergesmeten. Dat was het werk van de duivel.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 169, verhaal 14 (archief MI)
Commentaar
29 maart 1967
Von unsichtbaren Händen aufgenommen
Naam Locatie in Tekst
Kollum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
