Hoofdtekst
Japik Ingberts hie in fyt úthelle. Hy moest foar de rjochter forskine. Hy hie in adfokaet. Al twa kear hied er foar de knobus west, mar de advokaet sei: ditkear koed er him net frij pleitsje. Der wienen sawn man dy tsjûgden tsjin him.
Doe sei Japik Ingberts: As jo it net foarelkoar krije kinne, wyt ik noch wol ien rie.
En dat is?
Jo matte sizze, dat jo in tún oanlizze wolle, mei beamgewaechs der om hinne.
De advokaet sei dat tsjin 'e tsjûgen. Dy biloofden him sy soenen beammeguod meinimme, as se der de oare kear wer foar moesten. Dat gebeurde en doe frege de advokaet har, hwer't se dy moaije beamkes wei hienen. "Hienen jim dy sels?" frege er.
"Né," seinen se, "yn 'e Wâlden dêr sjocht men net op in beamke." Sy hienen hjir en dêr mar wat wei fandele.
"Hienen jimme dêr frij ta krigen?"
Né, dat hienen se net.
Dus, sy hienen se stellen.
Nou ja, stellen -
Doe biskuldige de advokaet de tsjûgen derfan dat se dieven wienen en dêrtroch rekke Japik Ingberts frij.

Onderwerp
VDK 1525Z* 26 - Japik Ingberts brengt getuigen in discrediet   
Beschrijving
Japik Ingberts moet voor de rechter verschijnen. Ditmaal zijn er veel getuigen van zijn misdaad. Japik geeft zijn advocaat een raad. De advocaat laat de getuigen weten dat hij een tuin met boompjes wil aanleggen. De volgende keer komen de getuigen met boompjes aan. Die blijken niet van henzelf te zijn geweest. De getuigen hebben er zomaar gepakt en meegenomen. De advocaat pleit dat dieven onbetrouwbare getuigen zijn. Zo weet Japik Ingberts vrijuit te gaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 173, verhaal 12 (archief MI)
Commentaar
30 juli 1966
De Japik Ingberts-cyclus: Japik Ingberts brengt getuigen in discrediet.
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Naam Locatie in Tekst
Wâlden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21