Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ017313

Een mop (mondeling), zaterdag 30 juli 1966

Hoofdtekst

Yn Súd-Drachten wenne in rike boer. Dy hie in fette koe slachte. Doe sei Japik Ingberts tsjin syn buorman Piter: "Piter jonge, it is eins al skande. Dy boer hat in dikke fette kou yn 't sâlt en wy ha allinne mar hwat rapen, dêr't wy de winter mei troch matte.
De boer hat in pear dikke fette skiep yn 't lân rinnen. Dy moesten wy snappe en togearre fordiele."
Sy raemden de skiep en slachten se op in oare kamp, in eintsje fierder fan 'e wei ôf. Sy dienen elk in slachte skiep yn in sek en gongen dêr mei fuort.
"Ik hear folk," sei Japik ynienen tsjin Piter, "hearst it ek wol?"
Gau smieten se allebeide it skiep del en dat gong op in rinnen. Mar Piter koe folle hurder rinne as Japik. En dêr wie't Japik krekt om to rêdden.
Doe't er Piter net mear seach, gong er werom en boun de beide sekken oan inoar en droech sa ien foar en ien achter. Sa roan er op hûs ta. Thús lake er yn syn fûstje, hwant hy hie troch syn snoadens twa skiep, en syn buorman net ien.

Onderwerp

VDK 1525Z* 11 - Japik Ingberts steelt met een collega een schaap    VDK 1525Z* 11 - Japik Ingberts steelt met een collega een schaap   

Beschrijving

Japik Ingberts gaat samen met zijn buurman schapen stelen. Ze slachten ieder een schaap in het weiland en gaan ermee aan de haal. Japik waarschuwt dat ze achterna gezeten worden. Ze gooien de schapen in het weiland en vluchten. De buurman is veel sneller, en zodra hij uit het zicht is, gaat Japik de schapen ophalen. Zo komt hij dus met twee schapen thuis.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 173, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

30 juli 1966
De Japik Ingberts-cyclus: Japik Ingberts steelt met een collega een schaap

Naam Overig in Tekst

Súd-Drachten    Súd-Drachten   

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Piter    Piter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21