Hoofdtekst
Der wienen us trije poepen, dy hienen ûnder inoar ôfsprutsen, sy woenen de Fryske tael leare.
Sy kommen in jonkje tsjin, dat syn heit by de hân hie.
"Sjoch heit, trije poepen", sei dat jonkje.
"Dat wol ik ûnthâlde," sei de iene poep, "sjoch heit, trije poepen."
Even letter seagen se in faem, dy wie krekt oan 't melken.
"Om koe", sei se.
"Dat wol ik ûnthâlde," sei de twadde poep, "om in koe."
Letter troffen se in timmerman. Dy hâldde in planke foar him. Dy hied er skaefd.
"Dat is rjocht", sei er.
De trêdde poep sei: "Dat is rjocht. Dat wol ik ûnthâlde."
Doe kommen der plysjes oan. Dy hienen in deade man foun. Sy hâldden de trije poepen oan. "Hwa soe dat dien ha?" fregen se.
Doe sei de earste poep: "Trije poepen."
De plysje frege: "Hwerom?"
"Om in koe", sei de twadde poep.
Doe nommen de plysjes de trije poepen mei nei de rjochter ta. Dy sei tsjin har: "Alle trije in jier gefangenisstraf."
"Dat is rjocht", sei de trêdde poep.

Onderwerp
AT 1697 - "We Three; For Money"   
ATU 1697 - “We Three; For Money.”   
Beschrijving
Drie Duitse hannekemaaiers, ook wel 'Poepen' genaamd, willen de (Friese) taal leren. Ze leren als ze een vader met zijn zoontje passeren allereerst de woorden 'Kijk vader, drie poepen'. Vervolgens horen ze een melkend meisje 'om koe' zeggen. Ten slotte vernemen ze van een timmerman die een plank aan het schaven is 'dat is recht'. Als een stel politieagenten van hen wil weten wie een man vermoord heeft, antwoorden ze 'Drie poepen'. Als de agenten vragen waarom, zeggen de mannen 'om een koe'. Als de agenten hen alledrie een jaar gevangenisstraf willen geven op verdenking van moord, antwoorden de mannen 'dat is recht'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 190, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
27 mei 1967
"We Three; For Money"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21