Hoofdtekst
Achter Kollumersweach wenne in frou mei in dochter. Dy hienen in kostgonger en dy kostgonger dy wie frijmitselder. Hy hie in soad boeken, mar ien boek, dat burch er altyd goed op.
Mar op in kear, doe gong er nei Dokkum ta en doe liet er troch forsin datselde boek op 'e tafel lizze.
De frou en 'e dochter wienen tige nijsgjirrich nei dat boek. Mar earst doarsten se der net rjocht yn to sjen. Mar op it lêst die de dochter it boek iepen. Doe sieten dêr allegear printen yn mei hammerkes en knyptangen en al sok ark. Doe woe de dochter it boek wer slute, mar sy koe it net wer ticht krije. It woe bislist net. It bleau iepen op 'e tafel lizzen.
Folle earder as oars kom de kostgonger wer thús. Hy seach dat it boek iepen op 'e tafel lei.
"Hwer is de dochter?" frege er. De mem rôp har dochter der by. Doe sei dy kostgonger: "Foar myn egen mat sy it boek wer ticht dwaen." Dat hat de dochter dien.
De kostgonger joech wyks in ryksdaelder kostjild.
It wie woansdei. Hy krige syn beurs en helle der ien goune en in kwartsje út.
"Asjybleaft", sei er. Doe hat er syn spullen byelkoar pakt en hy is fuort gien. Sy ha him noait wer sjoen.

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Een kostganger die vrijmetselaar is heeft veel boeken waarvan hij één altijd goed opbergt. Eens laat hij dat boek per ongeluk op tafel liggen. De kostjuffrouw en haar dochter doen het boek open en zien prenten met hamertjes, nijptangen en ander gereedschap. Het boek is met geen mogelijkheid dicht te krijgen. Als de vrijmetselaar thuiskomt gebiedt hij de dochter het boek voor zijn ogen dicht te doen. Daarna rekent hij een halve week kostgeld af, pakt zijn spullen en gaat weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 193, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 juni 1967
Vrijmetselaars
Naam Locatie in Tekst
Kollumersweach   
Kollumerzwaag   
Dokkum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21