Hoofdtekst
Der wie in man, dy wie by de frijmitselders. Mar syn frou sangere him hyltyd om 'e holle, sy woe him der by wei ha. De man krige op 't lêst syn nocht fan dat geseur en sei: "Dan matstû der sels mar hinne gean en my mar útskriuwe litte."
Doe gong dy frou nei 't frijmitseldersgebou ta.
Hja die har boadskip by de doar. Har man wie lid fan 'e frijmitselders, sei se, en dêr woe hja him graech by wei ha. Hy hie syn tastimming oan har jown.
"Kom dan mar mei", seinen se tsjin har.
En doe brochten se har yn in keamer. Yn dy keamer hong in great stik fleis. Doe joegen se har in priem. Mei dy priem moest sy yn dat stik fleis stekke. Doe't se dat dien hie, koe se wer fuort gean. Mar doe't se thús kom, wie har man dea.
(Dat stik fleis dat dêr hong, dêr moest elk, dy't lid woarde, hwat bloed fan himsels by dwaen. Der wie dus ek bloed fan har man by.)

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Een vrouw van een vrijmetselaar zeurt net zolang tot haar man bereid is zijn lidmaatschap van de vrijmetselarij op te geven. Maar de vrouw moet hem zelf maar gaan uitschrijven, vindt de man. Bij het vrijmetselaarsgebouw aangekomen, zegt de vrouw dat ze toestemming van haar man heeft zijn lidmaatschap op te heffen. Een paar vrijmetselaars nemen haar mee naar een kamertje waar een groot stuk vlees hangt. De vrouw moet een priem door het vlees steken voor ze naar huis mag. Als de vrouw thuiskomt, treft ze haar man dood aan. (Bij het stuk vlees moet elke, pas lid geworden, vrijmetselaar wat bloed van hemzelf doen: ook het bloed van de uitgeschreven vrijmetselaar kleeft aan het vlees.)
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 193, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
3 juni 1967
Vrijmetselaars
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21