Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ019801

Een sage (mondeling), woensdag 07 juni 1967

Hoofdtekst

Ytsje Jelle fan 'e Westerein en Boele fan Kollumersweach hienen togearre in duvelsboek. As se dêr yn liezen, dan koenen se eksters en soldaetsjes ta de hurbe (=hurddobbe) útkomme litte. Se hienen dat boek om 'e beurt, soms wie 't yn 'e Westerein by Jelle, in oare kear wie 't by Boele op 'e Sweach.
Hja hellen der fan alles mei út.
Sy moesten us in kear foar in boer dongstruije oer in stik lân. Hja hienen akkoarte, yn safolle tiid dan soe 't karwei dien wêze.
Mar de beide mannen gongen noflik tsjin in bultsje hea oanlizzen en dienen net in slach.
Dat seagen guon. Dy lju tochten: dat wurdt sa neat mei dy beiden; dy krije it kerwei noait dien. Doe't it al hast joun wie, seagen se noch us. Doe gongen de twa mannen nei 't lân en bigounen to struijen. En der kaem in hiel greate swarte houn by har en dy struide mèi. Dat wie de duvel. Sy wienen samar klear mei him der by. De lju ha letter de print fan in hynstepoat sjoen. Dy hied er achterlitten, doe't er oer de feart sprong.


Onderwerp

SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.    SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   

Beschrijving

Twee mannen bezitten omstebeurt een duivelsboek. Als ze in het boek lezen, kunnen ze eksters en soldaatjes uit de haardkuil tevoorschijn laten komen. De twee dienen ook bij een boer, maar hebben nooit erg veel zin zich in te spannen. Als de mannen eens de opdracht krijgen mest over het land te verspreiden, zakken ze eerst eens behaaglijk onderuit en pas tegen de avond beginnen ze met de hulp van een grote zwarte hond aan het karwei. De hond is de duivel en met zijn hulp is het klusje zo geklaard. Later zien mensen de afdruk van een paardenpoot in de grond: het bewijs dat de duivel er echt geweest is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 198, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

7 juni 1967
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen; SINSAG 0686 Die aufgebundenen Bohnensträucher. Durch Zauberformel aufgebunden, so dass der Knecht nach der Kirmes gehen kann.

Naam Overig in Tekst

Ytsje    Ytsje   

Jelle    Jelle   

Boele    Boele   

Sweach    Sweach   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Kollumersweach    Kollumersweach   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21