Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020004

Een sprookje (mondeling), donderdag 22 juni 1967

Hoofdtekst

Der leefde yn 'e 17e ieu in great skilder. Syn namme wyt ik net mear, mar miskien wie 't Rubens wol.
Dan wie der nòch in great skilder, mar dy wie doe noch jong. (van Dijk?)
Dy jonge skilder die âlde suterige klean oan en doe kloppe er by dy bikende skilder oan. Hy frege of er dêr yn 't wurk komme koe.
Mar hy woarde earst net talitten. De iene nei de oare knecht woe him weromstjûre.
Mar de jonge skilder hâldde oan en op 't lêst krige er it dan sa fier, dat hy praette mei de baes sels. Hy koe dan wol by dy forneamde skilder yn tsjinst komme. De greatfeint soe him wol wurk jaen.
Sa gebeurde it ek.
De oare deis gong er mei de greatfeint nei in great hearehûs ta. Dêr moest de souder fan biskildere wurde. Yn elke hoeke moest in blom of sa figuerd wurde, mar de greatfeint sei, hy hie dêr net rjocht doel oer.
Doe sei de jonge skilder: "Dat sil ik wol bisykje." Hy die it sa moai, dat it like krekt echt.
Doe't se thús kommen, wie de baes der net.
Doe tocht de jonge skilder: "Ik mat us by him yn syn wurkkeamer sjen."
Doe seach er dêr in skilderstik op 'e ezel stean, dat wie noch net alhiel klear. It wie in portret. Doe nom de jonge skilder gau in kwast en dy dippe er yn hwat ferve en hy skildere in mich op 'e foarholle fan dat portret. Dat die er stikum.
Doe sei er tsjin 'e greatfeint: "Ik mat in dei of hwat fuort." En hy gong fuort.
De greate skilder kom thús. Hy seach in mich op it portret sitten en woe him dêr weislaen.
Mar doe fornaem er dat dy mich der op skildere wie. Doe wied er alhiel út 'e skroeven.
Hy sei: "Der is mar ien, dy't dat sà kin. Dy hat hjir dus west. Hy hie ien fan 'e greatste skilders by him hawn.
Doe wie 't him bot yn 'e wei, dat er dy skilder net better bijegene hie.

Beschrijving

Een jonge schilder krijgt maar met moeite entree bij een grote meester. Als hij eindelijk bij hem mag schilderen, moet hij in een huis bloemen gaan schilderen. Op een dag dat de grote schilder niet aanwezig is, schildert de jongeman een vlieg op een onaf portret. Daarna vertrekt hij. De grote meester wil de vlieg van het doek wuiven, maar bemerkt dan pas dat de vlieg geschilderd is. Dan beseft hij dat hij een groot talent in huis heeft gehad, en heeft hij spijt dat hij hem niet beter behandeld heeft.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 200, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

22 juni 1967

Naam Overig in Tekst

Rubens    Rubens   

Van Dijk    Van Dijk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21