Hoofdtekst
It wie op Haulerwykster merk. Ik siet op in snein-to-joun yn 'e herberch. Doe seach ik Jan Sterk dêr.
"Wij hebben ons kampien ook verkocht, hoor", sei er.
"Oan hwa?" frege ik.
"'t Is een Bergsma; Jannes heet-ie."
"Wat wil die kerel daarmit?" frege ik.
"Hij is bakker", sei er.
Doe kaem âlde Merk der yn.
"Wat he'k nou wat beleefd", sei er. "Ik kwam meester syn kampien langs." Doe fortelde er, hy hie dêr in fjûr sjoen. Der wie brân yn in hûs. Hy woe 't better witte en wie der hinne gien. Doe wied er tsjin 'e muorre oanroan. Sa roan er by de muorre lâns. Doe hie dêr in winkel west mei in toanbank. En op dy toanbank stie in lampke. Doe wied er dêr wei gong en oan 'e kant gong nei in oar plak fan 't hûs. Dêr hie 't allegear fjûr west.
En dat, wylst der hielendal net in hûs stie.
"Jo ha gelyk," sei Jan Sterk, "dêr komt in bakkerije. Jo ha de oven brânnen sjoen. En dat lampke op 'e toanbank, dêr forkeapje se skielk har breaspullen."

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een man zag ergens brand in een huis. Toen hij aan de voorkant van het huis keek, zag hij op een toonbank een lampje branden. Aan de achterkant zag hij binnen allemaal vuur. En dat, terwijl er helemaal geen huis stond. Later bleek dat er een bakkerij kwam. Bij de lamp op de toonbank zou het brood verkocht worden, en aan de achterkant zouden de ovens komen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 206, verhaal 1
Commentaar
23 mei 1967
Vorbedeutung anderer Ereignisse.
Naam Overig in Tekst
Alde Merk   
Jannes Bergsma   
Jan Sterk   
Naam Locatie in Tekst
Haulerwyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21