Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020610

Een sprookje (mondeling), dinsdag 23 mei 1967

Hoofdtekst

Yn in koalfjild, tusken de koallen yn wennen in mantsje en in wyfke ûnder in pear greate koalblêdden.
Se wienen och sa lyts, oars hienen se dêr ek net wenje kind.
Op in kear gong it mantsje der op út om to fiskjen yn 'e polder. Doe fangde er dêr in stikelbearske.
Hy gong der gau mei nei syn wyfke ta en dy sei: "Ik sil 't fiskje fuort tameitsje en briede, dan ha wy hjoed in hearlik miel."
Hja hie 't mes al klear en soe de kop fan it fiskje ôfsnije. Mar doe bigoun it fiskje to praten.
"Och frou," sei it fiskje, "meitsje my net dea. Bring my wer de polder yn! As jimme dat dogge, dan meije jimme in winsk dwaen. Dy sil yn forfolling gean."
Doe brocht it mantsje it fiskje fuortdaliks wer nei de polder ta.
Hwat soenen se nou winskje? Hja praetten der lang oer togearre.
"My tinkt," sei 't wyfke, "in hiele protte jild. Jild dêr kin in minske fan alles mei."
Mar it mantsje wie forstânniger. Hy sei: "Gjin sprake fan. Wy moatte hiel hwat oars winskje. Dat wy tofreden wêze meije en greate minsken wurde meije, oan oare minsken gelyk."
Dat ha se doe winske en dy winsk is yn forfolling gien.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

In een koolveld woonden eens een klein mannetje en een vrouwtje onder een paar grote koolbladeren. Op een keer vroeg een gevangen vis om hem niet op te eten, maar te laten leven. Dan zouden de kleine mensjes een wens mogen doen. Dat deden de mensjes. De vrouw wilde graag een grote berg geld vragen. Maar het mannetje besloot dat ze zouden vragen om net zo groot te zijn als de gewone mensen. Die wens is toen uitgekomen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 206, verhaal 10

Commentaar

23 mei 1967
The Fisher and his Wife

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21