Hoofdtekst
In dûmny hie yn 'e tsjerke ôfkundige, hy soe de oare sneins de heilige geest delkomme litte.
De faem hied er op it klankboerd sitten, mei in dou yn 'e hân. Mar hy hie der in doek omhinne spand, dat sy koenen de faem net sjen. 't Klankboerd wie wrak.
De faem soe de dou fleane litte as de dûmny sei: "Heilige geest, daal neder."
't Wie in krappe tiid en de faem hie net in broek oan.
Mar doe't de dûmny rôp: "Heilige geest, daal neder!" wie de faem hwat forskeuvele. It âlde klankboerd bijoech him en dêr sakke se mei de bleate skonken der trochhinne.
Dûmny rôp gau: "Iedereen die kijkt, wordt blind!"
Mar doe wie der in âld skipper mei ien eech, dy siet achter yn 'e tsjerke en dy sei: "'t Kan me niks verdommen, daar waag ik m'n andere oog ook nog aan", en hy seach.

Onderwerp
AT 1837 - The Parson to Let a Dove Fly in the Church   
ATU 1837 - Holy Ghost in the Church   
Beschrijving
Een dominee had verkondigd dat hij de volgende zondag de heilige geest zou laten neerkomen. Hij liet achter een doek op het klankbord een vrouw zitten met een duif. Maar toen de dominee het teken gaf dat ze afgesproken hadden, verschuifelde de vrouw wat, en ze zakte door het klankbord. De dominee zei snel dat degene die zou kijken, blind zou worden. Maar een schipper met een oog, zei: "'t Kan me niks verdommen. Daar waag ik mijn andere oog ook nog aan."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 209, verhaal 6
Commentaar
1 juli 1967
The Parson to Let a Dove Fly in the Church & AT 1839*, Making Thunder
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21