Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021111

Een sage (mondeling), maandag 12 juni 1967

Hoofdtekst

Der wennen trije tsjoensters yn Haulerwyk.
Boppe Haulerwyk wenne Jan Betten. Dat wie de iene.
Op in kear wienen wy oan 't stobberoaijen op Koudenburg by Anne Vondeling. Wy sieten to kofjedrinken. Jan v.d. Heide wie der ek by. It praet gong oer tsjoenen.
Jan v.d. Heide fortelde: "Jan Betten hat in bern fan Koene Gerritsen bitsjoend. 't Bern groeide net en gûlde altyd. Hja nommen it bislút om nei de duvelbander ta.
Dat wy Sybren Egbertsje, dy wenne by de Klonjewyk yn Feanhuzen. Mar sy woenen 't net foar oaren wite. Sy soenen sizze, dat se nei famylje yn Feanhuzen ta soenen to praten.
Doe't se by Sybren Egbertsje kamen, sei dy: 'Kom, binne jimme dêr al? Hoe is 't mei de lytse jonge?'
Koene sei: 'Soe Jan Betten ...'
Mar hja sei: 'k Neam gjin namme. Mar deselde dy't it dien hat, komt in bulte by jimme en wennet net fier ôf.'
Hja makke in drankje ré. Dêr moast it bern deis trije kearen twa drippen fan ha. En jouns as 't wer op bêd moast, moast se earst in healmingel geitemolke opdrinke.
It drankje moast yn in hoas en as 't koe achter in krússlot. Der mochten gjin egen oer gean.
'As jim aenst thúskomme,' sei se, 'kin der wol ris in houn oer de draei komme, dy't by jim opspringt. Net skrikke, hear.'
Doe't se thús kamen sprong der in houn by harren op.
Mar hja wienen der op fordacht en waerden net kjel.
It fleske bleau hiel.
It bern krige har medesinen en de molke en woarde stadichoan wer better."


Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

De familie van een betoverd kind kreeg van een duivelbanner een drankje mee. Over het drankje mochten geen ogen gaan, en het moest goed opgeborgen worden. Naast het drankje moest het kind geitenmelk drinken. Langzaamaan werd het kind beter.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 211, verhaal 11

Commentaar

12 juni 1967
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Jan Betten    Jan Betten   

Anne Vondeling    Anne Vondeling   

Jan van der Heide    Jan van der Heide   

Koene Gerritsen    Koene Gerritsen   

Sybren Egbertsje    Sybren Egbertsje   

Feanhuzen    Feanhuzen   

Naam Locatie in Tekst

Haulerwyk    Haulerwyk   

Koudenburg    Koudenburg   

Veenhuizen    Veenhuizen   

Klonjewyk    Klonjewyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21