Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021112

Een sage (mondeling), maandag 12 juni 1967

Hoofdtekst

In oare tsjoenster wie Doetse Griet (frou Bergsma), dy't tichte by ús wenne.
Ik kaem dêr in soad, hwant ik boarte faek mei Germ, har soan.
Op in kear wienen Germ en ik oan 't fiskjen. Doe fangden wy in dikke blij. In ein fierderop wenne in jonkje fan ús âlderdom. Dat wie Frâns, dy wie siik. Wy seinen: "Dy blij dy moat Frâns ha." Doe gongen wy mei dy fisk nei Germ syn hûs ta. Doetse Griet skrabbe him, makke him ta en sâlte him.
Doe wy mei de fisk nei Frâns. Mar syn mem sei: "Hij het krekt wat had. Hij moet 'em direkt niet hebben. Ik sal em wel in een ander pantien doen en dan bak ik em later wel op."
Myn broer syn frou wenne op healwei tusken Doetse Griet en Frâns syn âlden. Hja leaude ek sterk oan tsjoenen. Dy fortelde ús, Frâns syn mem hie de fisk op in boardtsje lein en yn 'e kast wei set. Trije wiken letter hie se mei de fisk by myn skoansuster kaem en hie sein: "Nou moe je dan us sien, Anne, daar hè je nou die fis." Doe siet der hiel lang hier op.
Doe ha se dy fisk bistoppe.


Beschrijving

Een vrouw bewaarde een gepekelde vis in de kast. Na drie weken waren er allemaal haren op gegroeid.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 211, verhaal 12

Commentaar

12 juni 1967

Naam Overig in Tekst

Doetse Griet    Doetse Griet   

Bergsma    Bergsma   

Germ    Germ   

Frans    Frans   

Anne    Anne   

Naam Locatie in Tekst

Frâns    Frâns   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21