Hoofdtekst
Doomny Slecht wenne to Alde- of Nijehoarne. Hy gong jouns wolris nei de kroech ta. Mar tsien ûre sette er stéfêst wer op hûs ta.
Op in kear woe it jongfolk mei him wedzje. Hja seinen: "As wy snein in tekst op 'e preekstoel bringe litte en jo hâlde dêr in preek oer, dan krije jo fan ús in flesse wyn. Mar kinne jo it net, dan wolle wy in flesse wyn fan jo ha. Nimme jo dat oan?"
"Ik nim it oan", sei doomny.
Doe lei de koster de snein-to-moarns in briefke op 'e preekstoel, dat wie blanko.
De doomny naem it op en sei: "Hier niets." Hy kearde it om en sei: "Daar niets." En doe bigoun er: "Uit niets heeft God de wereld geschapen."
It woarde in treflike preek. Hy hie de flesse wyn fortsjinne.

Onderwerp
VDK 1828A* - "Uit niets heeft God de wereld geschapen."   
Beschrijving
Een dominee sloot in een kroeg met een paar jongeren een weddenschap af om een fles wijn. Zij zouden zondag een briefje op de preekstoel neerleggen. De dominee moest over die tekst een preek houden. Het briefje dat de dominee op de preekstoel vond was leeg. Toen hield de dominee een voortreffelijke preek over God die uit het niets de wereld had geschapen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 218, verhaal 4
Commentaar
14 januari 1966
"Uit niets heeft God de wereld geschapen."
Naam Overig in Tekst
Slecht   
Aldehoarne   
Nijehoarne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21