Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021805

Een mop (mondeling), vrijdag 14 januari 1966

Hoofdtekst

Sytse Zwanenburg wie in fékeapman. Syn wiif moest bifalle.
De dokter kaem. Dy gong nei de frou ta dy't yn 't bêdsté lei. Even letter kaem dokter by de fékeapman en sei: "Jo meije my wol even byljochtsje." Dat gebeurde. De boer hâldde de lantearne by 't bêd. En dêr kaem it bern oansetten.
Nei't dit allegear achter de rêch wie, kaem de dokter by de fékeapman yn 'e keamer en petearre hwat mei him. Doe sei er: "Ik sil noch even by de kreamfrou sjen, en dan gean 'k fuort."
Fuort dêrnei kaem er wer yn 'e keamer en sei tsjin 'e fékeapman: "'t Is net yn oarder, leau 'k. Jo meije my noch wol even byljochtsje."
Dat gebeurde. De boer hâldde de lantearne by 't bêd. En dêr kaem wèr in bern oansetten.
De dokter rêdde der mei en kaem efkes letter by de boer yn 'e keamer om even nei to petearjen. Doe sei er: "Ik sil noch even by de frou sjen."
Even letter kaem er werom by de boer en frege: "Jo meije my noch wol even byljochtsje."
Doe rôp de boer alhiel oerstjûr: "Ik kom net wer mei 't ljocht, hwant se komme op 't ljocht ôf."


Onderwerp

VDK 1349S* - Kinderen komen op het licht af    VDK 1349S* - Kinderen komen op het licht af   

Beschrijving

Als zijn vrouw een kind krijgt moet een veekoopman de dokter bijlichten. Even later moet hij weer bijlichten, er komt nog een kind. Als de dokter even later nog eens om licht vraagt, omdat hem blijkt dat er nog een kind op komst is, weigert hij te komen: hij denkt dat de kinderen op het licht afkomen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 218, verhaal 5

Commentaar

14 januari 1966
Kinderen komen op het licht af

Naam Overig in Tekst

Sytse Zwanenburg    Sytse Zwanenburg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21