Hoofdtekst
Ielke Bouma kom us by de faem wei. Doe kom er twa dronken manlju fan Garyp tsjin. Dy fregen him: "Wite jo hoe let it is?"
Ielke sei: "De klok hat krekt tolve slein."
Doe sei ien fan dyselden: "Silst my ek sizze hoe let it is?" Hwant sy woenen rúzje meitsje.
Doe krige Ielke dyselde mei de iene hân beet by de kraech en mei de oare hân by de kont. En sa sette er him achterstofoar del.
"Wite jo nou, hoe let it is?" sei er.
Doe woenen se wol yn goedens.
Dit gebeurde op it plak, dêr't it Sumarre stasion wie.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
De sterke Ielke Bouma werd op een avond eens lastig gevallen door twee ruziezoekers. Ze bleven hem vragen hoe laat het was, terwijl hij allang geantwoord had. Toen pakte Ielke de ene man met zijn ene hand in de kraag en met zijn andere hand bij zijn kont en zette hem zo achterstevoren neer. En hij zei: "Weet je nu, hoe laat het is?"
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 218D, verhaal 2
Commentaar
onbekend
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Ielke Bouma   
Naam Locatie in Tekst
Garyp   
Garijp   
Sumar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21