Hoofdtekst
Ik wie in famke. Wy wennen yn Visvliet.
Heit moest der op út to slachtsjen.
Buorfrou sei tsjin mem: "Dan kom ik joun by jimme."
Wy krigen thé en doe't it al aerdich let yn 'e joun wie, kom heit werom. Hy hie 't slachtsjen dien.
Doe soe buorfrou fuort. Wy wennen doar oan doar. Wy gongen mei nei de doar om even bûten to sjen.
Doe sei heit: "Dêr is hwat."
Buorfrou sei: "Ja, dêr is hwat."
"Ja," sei ús mem, "dat leau 'k èk. 't Giet moai by de hage lâns."
It wie in lykstaesje. Fuort letter stoar der in jonkje op 'e buorren. Dy waerd nei 't hôf brocht. Dat hie de lykstaesje west dy't se sjoen hienen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een paar buren zagen op een avond een lijkstoet voorbij komen. Een paar dagen later stierf een jongetje uit de buurt.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 218F, verhaal 1
Commentaar
onbekend
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Visvliet   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21