Hoofdtekst
Yn Sweagerbosk wenne in âld minske, dat wie âlde Buoi. Hja frijgeselle by ús beppe. Hja moest der nachts wit hoe faek ôf. Dan moest se nei bûten ta om in lykstaesje to sjen.
Dan gong se oan 'e kant fan 'e wei stean. En dan sei se letter dat se in wein sjoen hie mei sa'n en sa'n hynder der foar en safolle minsken der achter.
Op in kear doe wie se op 'e wei. Doe kom der har hwat tomjitte. Hja tocht: "Ik wyk net." Doe wie se stean bleaun. Mar doe hie se in barst yn 'e holle krigen, en dy barst is der altyd yn bleaun.
Sy wie by heit syn beppe yn 'e kost. Op 't lêst koe se der net mear út. Dan skoude se 't gerdyntsje oan kant en dan seach se alles.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een oude vrijster moest 's nachts vaak haar bed uit om lijkstoeten te zien. Op een keer wilde ze niet wijken voor iets wat ze aan zag komen, en toen heeft ze een barst in haar hoofd gekregen. Toen ze te oud werd om 's nachts uit bed te komen, deed ze de gordijnen open en zag ze alles door het raam.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 220, verhaal 8
Commentaar
21 juni 1967
Leichenzug gesehen.
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Buoi   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21