Hoofdtekst
Alde Bontsje Knjillis (Veenstra?) moest ek alles sjen. Tije Sjoeke hat fjouwer berntsjes forlern: trije berntsjes tagelyk en ien in wike letter. Dy stoaren oan 'e blauwe mûzels. Knjillis hie 't allegear fan tofoaren al sjoen.
Heit bargeslachte by 't hjerst by him.
Op in nacht, doe moest er wer hwat sjen. Mar doe tocht er "Ik bliuw lizzen." Hwant hy seach der bot tsjin oan yn 'e kjeld nei bûten ta. Doe wie hy der net út gong. Mar doe wie der in houn mei gleone egen by syn bêd kom. Hy mòest der út. Doe is er nei de Sweach ta roan. Dêr wie de lykstaesje.
Dy Knjillis wie in raren-ien. It wie in greate beul. Heit syn mem wie us by him op 't lân west to wjudden. Doe wie der krekt in feint stoarn, dy't se beide bêst koenen. Dy feint hie de lêste tiden hyltyd bloed opjown. Doe fortelde Knjillis oan ús beppe, dat hy hie dy feint de reis jown. Hy hie him sa bot houd en slein, dat hy hie noait wer goed west en wie der op 't lêst troch stoarn.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Oude Bontsje Knjillis voorzag van alles. 's Nachts moest hij vaak zijn bed uit om lijkstoeten te zien. Op een keer wilde hij niet uit bed komen, maar toen kwam er een grote hond bij hem met gloeiende ogen. Een andere keer stierf er een knecht, na al een tijdje bloed opgegeven te hebben. Knjillis meende dat het zijn schuld was, omdat hij de knecht een keer flink in elkaar geslagen had.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 220, verhaal 9
Commentaar
21 juni 1967
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Bontsje Knjillis   
Veenstra   
Tije Sjoeke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21