Hoofdtekst
Sawn yn ien klap!
Der wie ris in klearmakker. Dy hearde net ta de allertûksten en de minsken hienen net de measte achting foar him.
Op in kear doe hied er in sjerpbrogge foar him lizzen. Dêr kamen in hiele protte miggen op tasetten. De snider sloech der nei en doe wienen der fuortdaliks sawn fan dea.
Dêr wied er sa greatsk op, dat hy makke himsels in jas en dêr biduerde er mei greate letters op fan goudtried: Zeven in één klap.
Wylst de brogge noch op 'e tafel leit, komt der ynienen in protter troch 't iepene finster by him. Dy woarde achternei set troch in falk.
De protter komt fuort op 'e brogge ta en bigjint der fan to pikken, mar de snider fangt him en stoppet him yn 'e bûs.
Hy hellet ek noch in stik nageltsiis op, dat er ek yn 'e bûse triuwt en dan giet er op stap mei syn nije jas oan. Hwant hy wol de wrâld yn.
Hy wol net langer snider wêze. ien dy't samar even sawn yn ien slach deaklapt, is ta greater dingen yn steat neffens him. Hy is tige greatsk op syn jaske mei it gouden binaeisel en hy stapt as in pau. Mei greate trêdden. Mar op it lêst wurdt er warch. Yn in great bosk giet er lizzen om út to rêsten en al gau falt er yn 'e sliep.
Mar wylst er dêr leit komt der in reus oan. Dy lêst de wurden op syn jas: Zeven in één klap. Hy makket de snider wekker en seit "Bistû sa sterk?" "Ja," seit de snider, "ik haw sawn yn ien slach deamakke."
"Astû sa sterk biste, dan moatstû dit ek dwaen kinne." En dan nimt de reus in stien fan 'e groun en dy forbrokkelt er yn syn hân.
"As it oars net is", seit de snider, en hy hellet gau syn stik tsiis ta de bûse út. "Dat kin ik noch folle better." En dan wriuwt er de tsiis fyn.
De reus seit: "Dit kinstû wol, mar nou sille wy ris sjen hwa't it heechste goaije kin."
En dan smyt de reus in stien omheech. Dy giet sa heech, dat hy bliuwt wol tsien minuten lang yn 'e loft. De klearmakker seit: "As it oars net is. Ik smyt sa heech, dat er hielendal net weromkomt." Doe helle er syn protter tofoarskyn en liet him fleane.
"Ja," seit de reus , "dû kinst wol hwat." Dû moatst my mar helpe. Ik kin dy wol brûke. Us mem is oan 't waskjen en dy moat in houtsje ûnder 'e stookpot ha."
De reus draeide in grouwe beam by de woartel om 't ôf en sei: "Dy sille wy togearre by har bringe. Nou moatstû de dikke ein nimme, dan nim ik de boppe-ein."
"Né," sei de snider, "krekt oarsom. Dû bist de greatste. Nim dû de stam ûnder 'e earm, dan nim ik de kop. Dan leit de beam rjochter."
Dat wie de reus ek goed.
Mar ynpleats dat de klearmakker de kop optilt, giet er moai op ien fan 'e dikke takken sitten en sa draecht de reus him mei sûnder dat dy it sjocht. Doe't se in ein fuort wienen, gong de snider stikum út 'e kop fan 'e beam wei. Hy roan in hiel ein en kaem op it lêst tolânne yn 'e tún fan it koaninklik paleis. Dêr gong er noflik lizzen to sliepen.
Wylst er dêr sa lei to sliepen kaem de iene nei de oare by him. Allegear woenen se wite hwat der op syn jas to lêzen stie. Zeven in één klap!
Dat moast de koaning hearre. Der gongen al gau guon hinne om it to fortellen en doe duorre it net lang of hy woarde wekker makke. De koaning forwachte him yn syn paleis.
De koaning sei tsjin him: "Is dat wier, hwat der op dyn jas stiet?"
"Ja, majesteit", seit de klearmakker.
"Soa," seit de koaning, "nou as dat sa is, dan haw ik krekt in wurkje foar dy. Yn 'e bosk hâlde twa reuzen ta. Astû dy forslaen kinste, krijste myn dochter ta frou."
"Bêst," sei de snider, "hwer sitte se?"
Doe tsjutte de koaning him oan hwer't se to finen wienen.
De snider giet opslach dy kant út. Underweis kriget er toarst en drinkt er út in revierke, dat dêr stroomt. Dêr lizze moaije stientsjes oan 'e kant, dêr docht er beide bûsen fan fol.
Dan giet er fierder. Nei in hiel ein rinnen komt er op it plak, dêr't de reuzen ûngefear wêze moatte. Hy klimt yn in beam en giet op in skammel sitten, moai forburgen yn 't blêddeguod.
Even letter bigjint de groun to dreunen en de beam dêr't de snider yn sit skoddet alhiel. Dêr komme de beide reuzen oan. Krekt ûnder dy beam jowe se har del.
Se falle yn 'e sliep en sy snoarkje sa lûd, dat it is noait liker as wurdt de stamme fan 'e beam trochmidden sage. Sa heart it.
"Wacht," tinkt de snider, "dêr wol 'k in grap mei ha." En hy lit twa stientsjes falle, earst op 'e iene syn holle, dan op 'e oare sines.
De reuzen wurde allebeide wekker.
"Hastû my in stien op 'e noas goaid?" seit de iene.
"Né, dû hast my goaid", seit de oare.
Se wurde fjûrslach deilis en bigjinne sa bot to fechtsjen dat de iene reus rekket dea, en de oare is dan wol sa bekôf, dat hy gappet nei de siken.
Dan lit it sniderke him hurd by de beam delglide en mei de sabel fan ien fan 'e reuzen slacht er se beide de kop ôf.
hy krijt de beide koppen by 't hier beet en giet der mei nei 't paleis ta.
"Asjyblyft", seit er tsjin 'e koaning. "Jow my nou jou dochter mar." En hy set de beide koppen op 'e tafel. Mar de dochter wol net mei it sniderke trouwe. It liket har op neat.
De koaning tinkt: "Ik sil wol sjen dat ik him kwytreitsje."
Hy seit tsjin 'e klearmakker: "Jimme kinne wol trouwe, mar wy ha hjir in ienhoarn yn 'e koaninklike tún omrinnen. Dat is in gefaerlik beest. Ast dy ienhoarn earst noch deamakkest, dan meist mei myn dochter trouwe."
"Goed," sei de snider, "dat sil 'k wol dwaen. Hwer sit er?"
"Achter 't kapeltsje yn 'e tún", seit de koaning.
De snider giet der hinne. Hy fynt it kapeltsje al gau. Hy giet der yn en set in glês iepen. De doar lit er ek oan stean.
Dan siket er nei de ienhoarn. Lang hoeft er net to sykjen, dan fynt er him. It beest hat in greate hoarn foar op 'e kop.
De snider rint sa hurd as er rinne kin, de ienhoarn der achter oan. As se by de kapel komme, rint de snider der fluch ta'n yn en smyt de doar achter him ticht. De ienhoarn wol der ek yn, mar stompt syn hoarn fêst yn 'e doar. Hy wrot en wraemt bot om los to reitsjen. Mar de snider springt gau troch it iepen finster en slacht de ienhoarn de kop ôf.
Mei de kop giet er nei de koaning ta.
"Hoe hast dit sa hawn?" woe dy wite.
De klearmakker sei: "Ik greep hem bij zijn haren en ik wierp hem in de koepel."
Nou siet der neat oars op as hy moast mei de koaningsdochter trouwe.
Mar dit is tige tsjin har sin. Hwant de snider snoarket nachts sa bot, dat hja docht net in wink yn 'e egen. En hy droomt altyd mar lûdop. Dan sit er soms oerein yn 't bêd.
Doe liet se op in nacht trije bataljons soldaten komme. Dy moasten mei him rêdde.
Dizze soldaten wienen by de trappen opgong en hâldden har nou forksûl by de sliepkeamer. Sy wachten op in gunstige gelegenheit. Dan soenen se him pakke.
Doe bigoun de snider lûdop to dromen. Alle soldaten koenen it hearre. Hy siet rjochtop yn 't bêd en hy sei mei in foars lûd: "Ik heb alles meegemaakt. Ik heb zeven in één klap doodgemaakt. Ik heb twee reuzen geslagen. Ik heb de eenhoorn verslagen. En heden zullen er nog twee à drie bataljons soldaten aan geloven."
Doe't de soldaten dàt hearden, waerden se sa bang, dat sy naeiden allegearre út sa hurd as se koenen. Sy knoffelen raer by de trappen del. Yn har haest tûmele de iene oer de oare hinne.
Doe hat de koaningsdochter mar bilies jown. Tonei koenen se tige bêst mei elkoar en se ha noch hiel lang en gelokkich mei elkoar leefd.

Onderwerp
AT 1640 - The Brave Tailor   
ATU 1640 - The Brave Tailor.   
Beschrijving
Er was eens een kleermaker die toevallig in een klap zeven muggen doodsloeg. Hij was hier zo trots op dat hij een jas versierde met de tekst 'zeven in een klap' erop. Hij deed een gevangen spreeuw en een stuk nagelkaas in zijn zak en trok met zijn nieuwe jas de wereld in. Om een reus te bewijzen hoe sterk hij is, doet hij alsof zijn kaas een steen is, en laat zien hoe makkelijk hij die kan verbrokkelen. Ook doet hij alsof de spreeuw een steen is, en gooit hem zo hoog dat hij niet meer terugkomt. En als ze samen een boomstam wegsjouwen, gaat de kleermaker erop zitten, in plaats van dat hij meetilt. Het duurde niet lang of de koning had al over hem gehoord, en deze nodigde hem uit in zijn paleis. De koning zegt dat als de kleermaker twee reuzen in het bos kan verslaan, hij met zijn dochter mag trouwen. Met een list weet hij de reuzen het hoofd af te hakken. Maar dan wil de koning dat hij ook eerst nog de eenhoorn verslaat. Na ook die opdracht volbracht te hebben, trouwt hij met de prinses. Zij laat een paar batiljons soldaten komen, om de soldaat om te brengen, maar dit mislukt. Toen heeft de koningsdochter er maar het beste van gemaakt, en ze hebben nog lang en gelukkig met elkaar geleefd.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 221, verhaal 1
Commentaar
26 juni 1967
The Brave Tailor
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21