Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ022301 - De geschiedenis van Pier en Mike

Een sprookje (mondeling), maandag 03 juli 1967

Hoofdtekst

De skiednis fan Pier en Mike.
Pier en Mike wienen feint en faem by de boer. Sy woenen wol trouwe en de boer wie harren wol tagedien. Hy hie wol in hûske foar har, dan soe Pier arbeider by him bliuwe en Mike de bussen himmelje en noch hwat oare wurksumheden dwaen. Dan hienen se frij wenjen. Pier krige ek noch in pear kij op.
Mar earst moast it hûs skjinmakke wurde. Dat wie Mike har wurk.
Doe't Mike op 'e souder oan 't himmeljen rekke, foun se in hiele greate bean.
Hja liet him Pier sjen en dy sei: "Dy sille wy yn 'e groun sette."
Hja poaten dy bean deselde jouns noch. Dy bean sprute út yn 'e nacht en hy groeide sa hurd, dat, doe't Pier en Mike de oare moarns fan bêd kamen, doe wie der sa'n greate strûk út groeid, dat sy koenen net iens sjen hoe heech as er wie.
Mike sei: "Hy rikt wol oan 'e hemel ta. Dû moatst der yn opklimme, Pier, dan kinst mei ús leaven Hear prate en dan moatst tsjin Him sizze, dat ik boerinne wurde wol, op in boerespul."
Pier klom yn 'e bean op, al heger en heger en sa kaem er op 't lêst yn 'e hemel by ús leaven Hear. Hy neamde Mike har bigearte en ús leaven Hear sei: "Gean mar wer nei ûnderen ta, de pleats stiet der al." Doe't Pier wer op 'e groun stie, seach er in greate buorkerij. Der stienen twintich melke kij op stâl, der wienen fjouwer hynders, der wienen in feint en in faem en syn wiif Mike siet yn 'e bêste keamer op in stoel mei in breed-gouden earizer op. Hja wie boerinne.
"Bist nou tofreden?" frege Pier har.
"Né", sei se. "Ik ha juster de koaningin hjir lâns riden sjoen. Dy hat mear to fortellen as ik. Gean wer nei boppe en siz dêr, dat ik koaningin wurde wol."
Pier klom wer yn 'e beanestrûk op en kaem opnij boppe. Hy sei: "Myn wiif Mike wol koaninginne wurde."
"Gean mar wer nei ûnderen ta, hja is al koaninginne." En ja, doe't Pier wer ûnder wie, seach er syn wiif alhiel yn 'e pronk op in troane sitten mei in goudene kroan op 'e holle. Hysels wie net mear as lakei en moast har bitsjinje.
Hja gong de oare deis út to riden yn in iepen rydtúch. Mar doe skynde de sinne har sa fel op 'e hûd, dat sy hie al gau har nocht der ôf. Hja waerd alhiel read fan 'e sinne.
"Bist nou tofreden?" frege Pier.
"Né," sei se, "gean mar wer nei boppe en siz dat ik sinne wêze wol. Hwant de sinne is machtiger as ik bin."
Pier klom wer yn 'e beanestrûk op en kaem boppe yn 'e hemel. Hy sei: "Myn wiif wol sinne wurde."
"Gean mar wer nei ûnderen ta," waerd der antwurde, "hja is al sinne."
Doe't er ûnder kaem wie Mike sinne. Hja skynde tige fel en liet alles fordroegje.
Mar doe kaem der in wolk oan en dy skoude foar de sinne lâns. Hy liet it omraek reine, dêr't dan ek tige forlet fan wie.
Mar Mike waerd wer ûntofreden. De wolk wie ommers machtiger as hja en hja woe nou ienkear de sterkste fan alles wêze, dat hie se har yn 'e holle set.
Dat, doe't Pier frege, of se nou tofreden wie, sei se: "Né. Gean nei boppe ta en siz, dat ik wolk wêze wol. Pier klom wer yn 'e beanestrûk op en kaem boppe yn 'e hemel. Hy sei: "Myn wiif wol wolk wurde."
"Gean mar wer nei ûnderen ta," waerd der antwurde, "hja is al wolk."
Mar doe 't er Mike frege of se nou tofreden wie, sei se: "Né, ik wol leaven Hear wêze, hwant dy kin de sinne en de wolk stjûre. Dy is de machtichste fan alles. Gean nei boppe ta en siz, dat ik leaven Hear wêze wol."
Pier klom wer yn 'e bean op en hy sei hwat Mike winske, doe't er yn 'e hemel oankaem wie.
Mar doe waerd ús Leaven Hear lulk.
"Mike is ek noait in kear tofreden," sei er, "mar nou is de mjitte oerroun. Jimme sille allebeide straft wurde. Dû omdatst dyn wiif fierstofolle tajowste en Mike omdat se noait tofreden is. Tonei sil de dei nacht foar jimme wêze en de nacht sil dei foar jimme wêze."
Pier soe wer nei de beanestrûk ta, mar dy wie der net mear. Doe fielde er, dat er ynelkoar kromp en dat er fleugels krige. En doe floddere er nei ûnderen ta.
En doe't er goed en wol ûnder wie, siet Mike achter it ûleboerd fan 'e âld skuorre.
Beide wienen se yn in katûle foroare.
Pier rôp: "Oeh - oeh- Mike!"
En Mike, dy't him oankommen seach, rôp fan 't ûleboerd ôf: "Oeh, oeh, Pier!"

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Een echtpaar vond een hele grote boon. Deze stopten ze in de grond, en de volgende dag zo'n grote boom, dat ze de top ervan niet konden zien. De vrouw stuurde haar man naar boven om tegen de lieve Heer te zeggen dat ze boerin wilde worden. De man klom in de boom en zei het tegen de lieve Heer. Deze zei dat hij maar naar beneden moest gaan, want het was al voor elkaar. Maar de vrouw was nog niet tevreden, ze wilde koningin worden. Maar toen ze koningin was, was ze weer niet tevreden. De zon had nog meer macht dan de koningin, en dus wilde ze de zon worden. Maar de wolken hadden nog meer macht, en ze werd een wolk. Toen bedacht ze dat de lieve Heer zelf de meeste macht heeft, en ze liet haar man gaan vertellen dat ze lieve Heer wilde worden. Maar toen werd de lieve Heer zo boos dat hij ze beiden veranderde in katuilen. De dag was voor hen nacht geworden, en de nacht dag. En ze konden alleen nog maar 'oehoe' zeggen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 223, verhaal 1

Commentaar

3 juli 1967
The Fisher and his Wife

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21