Hoofdtekst
Der wie in bear, dy hie sin oan fisk. Mar hy wist net, hoe't hy der oankomme moast. De fokse sei: "Ik kin dy helpe."
't Wie midden yn 'e winter en 't frear ta. De fokse brocht de bear by de revier, dy't tichtferzen lei op inkelde biten nei.
"Sjoch," sei de fokse, "nou moastû fiskje mei dyn sturt. Dat is hiel ienfâldich. Dû litst de sturt mar yn 't wetter hingje en dan komme de fisken fansels."
De bear die sa 't him sein waerd en al gau fielde er it prykjen yn syn sturt. Dat kaem fan 'e fûle froast, mar de bear miende dat de fisken it dienen. Op it lêst wie it hiele byt tichtferzen.
"Nou kinst de sturt der wol útlûke", sei de fokse. Mar de sturt wie yn 't iis biferzen. De bear skuorde en skuorde en doe skuorde er syn hiele sturt fan 'e kont ôf. De fokse lake him út.
Sûnt ha de bearen noait wer in sturt hawn.

Onderwerp
AT 0002 - The Tail-Fisher   
ATU 0002 - The Tail-Fisher.   
Beschrijving
Een beer had trek in vis, en de vos zou hem wel helpen. Hij zei dat de beer zijn staart in het water moest hangen, dan zouden de vissen vanzelf wel komen. Maar het vroor, en de beer zat er zolang, dat zijn staart in het water vast vroor. De beer trok zo zijn staart van zijn kont af en de vos lachte hem uit. Sindsdien hebben de beren nooit meer een staart gehad.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 223, verhaal 2
Commentaar
3 juli 1967
The Tail-Fisher
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21