Hoofdtekst
De stikelbaerch en de hazze
Der wie in hazze, dy stuts in stikelbaerch de gek oan omdat dy sa stadich roan. De stikelbaerch woarde lulk en sei: "Ik wedzje, dat ik noch hurder rinne kin as dû."
Doe sprutsen se ôf, se soenen de oare deis op dy en dy tiid om 't hurdste tsjin elkoar rinne.
De stikelbaerch kaem thús en fortelde 't oan syn frou. "Och heden," sei se, "dû kinst dy wol dearinne."
"Ei jonge né," sei er, "dû en ik geane elk op in ein yn 'e groppe sitten. En as wy dan de hazze oankommen sjogge, sizze wy: 'Wy binne der al.'"
Sa gebeurde dat. Dat op kommando fan 'e hazze: ien-twa-trije- dûkte de stikelbaerch yn 'e groppe en de hazze sette ôf.
Doe't er omtrint oan 'e ein ta wie, stuts it stikelbaerchwyfke de kop op en rôp: "Ik bin der al!"
"Nou," seit de hazze, "dàn nòch ris, hwant ik wòl 't winne! Ik kín hurder en ik síl hurder!"
De hazze sei wer: "Ien-twa-trije." It stikelbaerchwyfke dûkte yn 'e blêdden en de hazze sprong foarút. Hy is krekt oan 'e oare ein ta of dêr stekt it mantsje fan 'e stikelbaerch de kop op en ropt: "Ik bin der al!" En sa ha se troch dien, krekt sa lang dat de hazze der dea by del foel. Doe hied er himsels dearoan.

Onderwerp
AT 0275A* - Race between Hedgehog and Hare   
ATU 027C   
Beschrijving
Een haas en een stekelbaars hadden eens besloten samen een hardloopwedstrijd te houden. De vrouw van de stekelbaars was bang dat haar man zich dood zou rennen, maar haar man zei dat ze een list zouden gebruiken. Hij zou aan het begin gaan rennen en zich snel verstoppen. Aan het eind zou dan zijn vrouw wachten op de haas en zeggen: "Ik ben er al." Zo gebeurde en de haas snapte er niets van. Hij wilde net zo lang blijven rennen totdat hij gewonnen zou hebben. Hij ging zo lang door tot hij zichzelf doodrende.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 228, verhaal 1
Commentaar
10 juli 1967
Race between Hedgehog and Hare
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21