Hoofdtekst
Der wie us in frou, dy wie tige mounich op 'e tried. Se doarst tsjin elkenien wol sizze, hwer 't it op stie. Dy wie eins fiersta brutael en de minsken hienen in hekel oan har. Der die by har noait in minske goed, altyd hie se oanmerkings. Dy frou kom ta forstjerren. Doe kom se by de hemelpoart. Hja kloppe dêr oan. Petrus die iepen.
Hy sei tsjin har: "Né, wy kinne jo hjir net brûke. Jo ha noait hwat goeds dien."
Mar dy frou wie net op har mûltsje fallen. Sy sei: "Och, dû mast dy noadich stil hâlde. Dû hast ommers sels Jezus forleagene. Dat haw ik net dien."
Der kommen oare discipelen oan. Dy kommen der by ta stean. It minske wist fan elk fan 'e discipelen wol hwat ta sizzen, dat net sa moai wie. Net ien dy 't alhiel frij-út gong. Mar dy discipelen wienen 't allegear mei Petrus iens, dat minske koe net talitte wurde yn 'e hemel. Doe kom Jezus sels.
It minske die de hannen foar de egen en sei: "O heden, dêr ha wy Jezus. Ik wyt net, of ik oait hwat goeds dien he."
Mar Jezus sei: "Sokken as jo matte wy hjir krekt ha. Jo doarre foar de wierheit út to kommen en to sizzen hwer't it op stiet. Jo binne net in moaiprater. En jo ha sije ek noch in sekfol seaden jown."
En hja woarde talitten.

Beschrijving
Een vrouw heeft op iedereen wel wat aan te merken. Als ze in de hemel komt, wordt haar de toegang door Petrus geweigerd. De vrouw begint hem meteen te bekritiseren, en alle andere discipelen die erbij komen, krijgen ook te horen, wat er mis met hen is. Dan arriveert Jezus, en de vrouw vraagt zich af of ze ooit wel heeft goedgedaan. Jezus zegt van wel en laat haar binnen omdat ze altijd voor de waarheid uitkomt en nooit een mooiprater is geweest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 229, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 augustus 1967
Naam Overig in Tekst
Petrus   
Jezus [Christus]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21