Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ023705 - De beer en de vos

Een sprookje (mondeling), maandag 03 juli 1967

Hoofdtekst

De bear en de fokse.
Der wie us in bear, dy hie noch noait in minske sjoen. Hy hie wolris heard, dat minsken hiel lekker wêze moasten.
De fokse sei tsjin 'e bear: "Astû sa graech in minske sjen wolste, kom dan mar mei."
Doe kom der in skoaljonkje foarby.
"Is dat in minske?" frege de bear.
"Né," sei de fokse, "dat moat noch ien wurde."
Even letter kaem der in hiele âlde man oan, dy line op in stok.
"Is dàt dan in minske?" frege de bear.
"Né," sei de fokse, "dat hat ien west. Mar aenst silst wol ien komme to sjen."
Doe kom der in jager oan mei in gewear en in sabel.
"Sjoch," sei de fokse, "dat is nou in minske."
De bear wie nijsgjirrich en roan op 'e jager ta, mar dy rjochte gau it gewear op 'e bear en skeat.
Doe't de bear noch net fuort gong, naem er syn sabel en sloech him dêr links en rjochts mei om 'e kop.
Dat smakke de bear net en hy sette sokken.
Doe't er wer by de oaren kom, fregen dy: "Hast nou al in minske sjoen?"
"Ja," sei de bear, "mar praet my net fan minsken. Earst naem dy minske in stok en dêr blaesde er yn dat der my fan alles om 'e earen hinne spatte en doe naem er ek noch in ribbe en dêr hat er my sa mei houd, dat ik koe kwalik mear út myn egen sjen. Dat, ik ha genôch fan 'e minske. Ik wol noait wer hwat mei in minske to dwaen ha."
Fan dy tiid oan hat de bear eins noait wer in minske oanfallen, of it moast wêze, dat er greate honger hie. Hwant hy is eins mar in bytsje bangich foar de minske.


Onderwerp

AT 0157 - Learning to fear men    AT 0157 - Learning to fear men   

ATU 0157 - Animals Learn to Fear Men    ATU 0157 - Animals Learn to Fear Men   

Beschrijving

Er was eens een beer die nog nooit een mens had gezien. En hij had wel eens gehoord dat mesen heel lekker zijn. Een vos wilde hem wel eens een mens laten zien. Toen er een schooljongetje voorbij kwam, zei de vos dat die nog een mens moest worden. Toen er een oude man voorbij kwam, zei de vos dat die al een mens was geweest. Toen ze een jager zagen, zei de vos dat dat een mens was. De beer ging op de jager af, maar deze schoot op hem met zijn geweer en sloeg hem met zijn sabel. De beer ging er daarop vandoor en wilde nooit meer iets met mensen te maken hebben. Sinds die tijd hebben beren nooit meer mensen aangevallen, tenzij ze grote honger hadden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 237, verhaal 5

Commentaar

3 juli 1967
Learning to fear men

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21